Noardwikerhout

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Topografyske gemeentekaart fan Noardwikerhout

Noardwikerhout (Nederlânsk: Noordwijkerhout) is in plak en in eardere gemeente yn de Nederlânskse provinsje Súd-Hollân. De gemeente hie op 31 maaie 2018 16.584 ynwenners (boarne: CBS) en hat in oerflak fan 23,40 km² (wêrfan 0,80 km² wetter). Gemeente Noordwijkerhout neamt himsels 'Hert fan de Bollestreek', want de gemeente hat it grutste oerflak oan kleurrike bollefjilden yn dy krite. De gemeente leit efter de dunen en de Noardseekust en tichtby grutte stêden as Leien, Den Haag en Amsterdam. Troch de gemeente rint de autowei N206.