Nije Wetterwei

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Nije Wetterwei

De Nije Wetterwei (Nederlânsk en offisjeel 'Nieuwe Waterweg') is in kanaal dat Rotterdam mei see ferbynt. It waard yn 1872 foltôge; de lingte fan dy trochgraving fan de dunen by wat no Hoeke fan Hollân hjit, mar destiids yn de gemeente 's Gravenzande lei, bedroech 4,3 km. Troch de ferbreding fan it strân is hy no wat "langer". De eastelike grins wurdt tsjintwurdich markearre troch de Maeslantkearing. De Maeslantkearing leit krekt efter of op de grins dêr't de nei it suden ôfbûgende De Scheur ôfdamme waard en dêr't de trochgraving fan de dunen begûn). De hiele ferbinding fan Rotterdam mei see bestiet no sadwaande út in al normalisearre rivier en in lyts stikje kanaal, te witten: de Nije Maas fân Rotterdam ôf, de Scheur nei de gearrin Alde Maas en Nije Maas oant en mei de Maeslantkearing, en as lêste fan de Maeslantkering ôf de Nije Wetterwei. It is in drokbefearne skipfeartrûte foar it havengebiet fan Rotterdam, mei útsûndering fan de Europoarte en de Maasflakte. Utsein ûnder omstannichheden de Maeslantkering, binne der gjin obstakels as slûzen of brêgen dy't de ferbining fan Rotterdam mei see behinderje. Der is in feartsjinst tusken Maasslûs en Roazenburch foar fuotgongers, fytsers, persoaneweinen en frachtweinen.