Springe nei ynhâld

Ahmed Aboutaleb

Ut Wikipedy
Ahmed Aboutaleb
Algemien
Berne 29 augustus 1961
Berteplak Beni Sidel, Marokko
Partij PvdA
Religy Islaam
Titels Ing.
Politike funksjes
2004-2007 Wethâlder yn Amsterdam
2007-2008 Steatssiktaris fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid
2009-2024 Boargemaster fan Rotterdam

Ahmed Aboutaleb (Berbertalen: ⴰⵃⵎⴻⴷ ⴰⴱⵓⵟⴰⵍⴻⴱ, Arabysk: أحمد أبو طالب); Beni Sidel, Marokko, 29 augustus 1961) is in Nederlânsk politikus fan de Partij fan de Arbeid (PvdA) en sjoernalist. Hy wie fan 5 jannewaris 2009 oant 1 oktober 2024 boargemaster fan Rotterdam.

Jonkheid en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ahmed Aboutaleb is fan Riffynsk Berbersk komôf. Hy waard berne as in soan fan de Sûnityske imaam yn in lyts doarp, Beni Sidel, yn de provinsje Nador yn it Rifberchtme. Doe't er 15 jier âld wie, ferhuze er mei syn mem en bruorren yn 1976 nei Nederlân. It foel him rillegau op dat er oars wie as oare bern. Yn in ynterview sei er: "Ik wie sa oars, ik woe leare, ik woe alles graach witte"[1]

Ahmed Aboutaleb studearre op ferskate skoallen en hy studearre elektrotechnyk mei in spesjalisaasje yn tillekommunikaasje. Op de Hegere Technyske Skoalle slagge er en krige er in Bachelor of Engineering.

Nei't er slagge wie, fûn er wurk as ferslachjouwer foar Veronica-TV, NOS-Radio en RTL Nijs. Dêrnei wurke er as parsefoarljochter op it Ministearje fan Wolwêzen, Folkssûnens en Kultuer en by de Sosjaal-Ekonomyske Rie. Yn 1998 waard er direkteur fan it platfoarm Forum, dat warber is op it mêd fan multykulturalisme. Dêrnei waard er amtner fan de gemeente Amsterdam.

Ahmed Aboutaleb mei Job Cohen, boargemaster fan Amsterdam op 3 febrewaris 2010

Yn jannewaris 2004 folge Ahmed Aboutaleb Rob Oudkerk op as wethâlder yn Amsterdam, om't dy yn in skandaal tangele wie.

Doe't de PvdA yn 2007 in part fan de nije koälysje yn it kabinet-Balkenende IV waard, waard Aboutaleb frege oft er steatssiktaris fan it Ministearje fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid wurde woe.

Aboutaleb en in oare steatssiktaris, Nebahat Albayrak, dy't fan Turksk komôf is, smieten argewaasje op by Geert Wilders en syn partij, om't dy fûn dat ministers net twa nasjonaliteiten hawwe kinne. Aboutaleb hat twa nasjonaliteiten: de Nederlânske en de Marokkaanske.

Aboutaleb is ek in warber dichter, benammen yn Arabyske gedichten. Hy sette it dichtwurk fan Adunis oer, dy't de meast ferneamde dichter yn de Arabyske taal is, dy't hjoed-de-dei libbet, en dêr't der mar in bytsje fan yn it Nederlânsk oerset is.

Ahmed Aboutaleb is troud en hat trije dochters en in soan. Hy wennet yn de Rotterdamske wyk Kralingen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ahmed Aboutaleb Volkskrant