RTL Nijs

Ut Wikipedy
RTL Nijs by de Giro d'Italia 2016 (mei logo)

RTL Nijs is it nijsprogramma fan telefyzjestjoerder RTL en makket tegearre mei ûnder mear Edysje NL, RTL Z, RTL Waar & Ferkear en Buienradar diel út fan 'e RTL Nijsgroep.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

RTL Nijs begong 2 oktober 1989 om 18:00 oere as Véronique Nijs. Tidens de Véronique Moarnsitensshow, dy't presintearre waard troch Catherine Keyl en Marc Jacobs tusken 07:00 en 09:00 oere, lies Jan de Hoop elts healoere it nijs. Jûns wie der om seis oere in útstjoering mei Jeroen Pauw en om tsien oere noch ien mei it duo Jeroen Pauw en Loretta Schrijver. Op 14 febrewaris 1990 waard de útstjoering van 22:00 oere ferpleatst nei 19:30 oere en kaam der een lette útstjoering om 23:00 oere by.

Juny 1990 waard Véronique Nijs omdoopt ta RTL 4 Nijs. Ek waard de Véronique Moarnsitensshow ferfongen troch it RTL Moarnsitensnijs, dat ôfwikseljend presintearre waard troch Jan de Hoop en Marc Jacobs. Yn 1995 krige RTL 4 Nijs de namme RTL Nijs.

Sûnt 6 juny 2001 bringt RTL Nijs ek finansjeel-ekonomysk nijs mei it programma RTL Z. Dit programma waard de earste jierren op RTL 5 útstjoerd, mar op 12 augustus 2005 ferhuzen de nijsberjochten nei RTL 7. Doe't 7 septimber 2015 RTL Z in eigen kanaal krige, waarden de berjochten net langer op RTL 7 útstjoerd.