Springe nei ynhâld

Lycklamahûs

Ut Wikipedy
Lycklamahûs

It Lycklamahûs is in monimintale huzinge oan de Haadstrjitte 80 te Beetstersweach.

It Lycklamahûs is om 1824 boud yn opdracht fan jonkfrou Catharina Johanna Aebinga van Humalda. Hja ferstoar yn 1835 en de beppesizzers fan har suster erfden har besit. It Lycklamhûs kaam sa yn it besit fan ien fan harren, jonkfrou Ypkjen Hillegonda van Eysinga. Se wenne mei har âlden yn it Eysingahûs, ek oan de Haadstrjitte yn Beetstersweach. Hja boaske yn 1836 mei de boargemaster fan Opsterlân Jan Anne Lycklama à Nijeholt. De wenning waard troch it boargemastersechtpear ferbettere en útwreide. Nei it ferstjerren fa syn frou liet hy yn 1858 it hûs fergrutsje troch it setten fan in twadde ferdjipping, wêrby't de kape opfizele waard. Nei syn ferstjerren yn 1891 erfde syn dochter frelle Eritia Ena Romelia Lycklama à Nijeholt dizze wenning. Yn 1971 kaam it pân, sûnt 1917 it Lycklamahûs neamd, yn it besit fan de gemeente Opsterlân. Sûnttiids wurdt it brûkt as gemeentehûs. It hûs is erkend as ryksmonumint.

Byld fan Piet Hein Stulemeijer yn de oertún fan it Lycklamahûs

Foar it hûs oer liet Jan Anne Lycklama à Nijeholt in tún oanlizze, dy't troch de lizzing oan de oare kant fan de Haadstrjitte oertún neamd wurdt. Hy liet der ek inkele blommekassen sette. Yn lettere jierren is der in tropyske kas oanlein. Yn de oertún lizze ek de grêven fan de beide hûntsjes fan syn dochter.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: