NHL Stenden Hogeschool

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
NHL Stenden Hogeschool
Algemien
Lokaasje Nederlân
Oprjochte 1 jannewaris 2018
Foarsitter fan bestjoer
Erica Schaper
Studenten 24.000
Website www.nhlstenden.com

NHL Stenden Hogeschool is in ynstelling foar heger ûnderwiis mei kampussen yn Nederlân en yn it bûtenlân. NHL Stenden Hogeschool waard yn 2018 foarme troch de fúzje fan de NHL Hogeschool en Stenden University. De hegeskoalle brûkt as ûnderwiiskonsept 'Design Based Education. De hegeskoalle hat 24.000 studinten en 2.000 meiwurkers.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

NHL Stenden Hogeschool is ûntstien as gefolch fan in fúzje tusken NHL Hogeschool en Stenden University op 1 jannewaris 2018. Fan septimber 2018 ôf begûnen de earste learlingen mei harren stúdzje oan de opliedingen fan de hegeskoalle.[1]

De hegeskoalle hat as missy 'Wurkje oan wrâldwiide ynnovaasje.' Dêrby wurdt útgien fan ûnderwiis en ûndersyk as dragers fan persoanlike ûntwikkeling en maatskiplike foarútgong.

Underwiis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

NHL Stenden biedt ûnderwiis neffens it ûnderwiiskoncept 'Design Based Education'. Dit edukative konsept is basearre op ûntwerplik tinken. It ûnderwiis is basearre op kokreaasje as foarm fan gearwurking. Dit bart mei it profesjonele fjild en de maatskiplike omjouwing. Studinten, learkrêften en ûndersikers wurkje yn multydissiplinêre ploegen oan it oplossen fan opdrachten út it wurkfjild.

De ûnderwiislokaasjes yn Nederlân binne yn Assen, Emmen, Grins, Ljouwert, Meppel, West-Skylge en Swol. Se binne yn it bûtenlân yn Yndoneezje (Baly), Katar (Doha), Tailân (Bangkok), en Súd-Afrika (Port Alfred).

Bestjoer en organisaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

NHL Stenden Hogeschool hat in Ried fan Tafersjoch. Dizze ried hâldt tasjoch op, advisearret, beneamt en bepaalt it Kolleezje fan Bestjoer. It Kolleezje fan Bestjoer is it bestjoer fan de hegeskoalle. Leden dêrfan binne yn 2018 Erica Schaper (foarsitter), Klaas-Wybo van der Hoek (fise-foarsitter) en Jan van Iersel (earder lid fan de ried fan NHL) [2]

Akademys[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

NHL Stenden Hogeschool biedt bacheloropliedings, masteropliedings, twajierrige 'associate degrees', kursussen en leargongen oan fjirtjin akademys:

  • Akademy Primêr Underwiis
  • Akademy Vo & Mbo
  • Akademy Technology & Innovation
  • Akademy Commerce & International Business
  • Akademy Sûnenssoarch
  • Akademy Social Studies
  • Akademy Leisure & Tourism
  • Akademy Communication & Creative Business
  • Akademy ICT & Creative Technologies
  • Akademy Economics & Logistics
  • Akademy International Business Administration
  • Maritiem Instituut Willem Barentsz
  • Thorbecke Academie
  • Stenden Hotel Management School

Maritiem Instituut Willem Barentsz, Thorbecke Academy en Stenden Hotel Management School binne submerken fan de hegeskoalle en kommunisearje ûnder eigen namme, mei in eigen logo en hûsstyl.

De akademys jouwe meiinoar mear as 150 kursussen, ferdield oer tsien ynteressegebieten:

  • Bestjoer en rjocht 
  • Kommunikaasje en media 
  • Ekonomy en behear 
  • Hotel management 
  • ICT 
  • Maritym 
  • Ûnderwiis
  • Technyk 
  • Toerisme en frije tiid
  • Soarch en wolwêzen

Trivia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Nije stoffen binne ûntwikkele troch de ûndersyksgroep Duorsume Keunststoffen, dy't as inket brûkt wurde kinne foar 3D-printers. It wie it earste wittenskiplike artikel fan de NHL Stenden University en waard yn 2018 publisearre troch The American Chemical Society. 
  • Sûnt maart 2018 hat NHL Stenden in gebedskeamer foar moslims, Hindûs, Bûddisten en kristenen yn de eardere oaljefabryk De Eendragt. De finansiering komt fan de Protestantske Tsjerke yn Nederlân (60%), de Protestantske Gemeenten fan Ljouwert, Huzum en Goutum, de Doopsgesinde en de Frije Evangelyske Gemeente en de universiteit sels. [3]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: