Kazemattemuseum
It Kazemattemuseum by de spuislûzen fan Koarnwertersân jout in byld fan it libben yn kazematten en de rol dy't se yn de Twadde Wrâldoarloch spile hawwe. Nei it oanlizzen fan 'e Ofslútdyk yn 1932 waarden yn 1932-1933 de kazematten fan Koarnwertersân boud. Yn de earste liny by Koarnwertersân is yn de maaiedagen fan 1940 fûleindich striden. De Dútsers waarden dêr opkeard. It museum is oprjochte yn 1985.
Der wurdt omtinken jûn oan de oanfal fan de Dútsers en de loftôfwar. Ek oer wat him fierders by Kornwertersân ôfspile hat: By de stelling is in Ingelske Lockheed Hudson delstoart. Doe binne der fjouwer Ingelsken en de fjouwer Nederlânske "spionnen" omkomd.
It kazemattemuseum bestiet út fiif (fan de 17) grutte kazematten, in Dútsk wachtlokaal, in Dútske bunker, in agregaatkazemat en in besikerssintrum. De fiif kazematten binne:
- kommandokazemat
- de keuken
- loftdoelrefyzjekazemat
- mitrailleurkazemat
- kanonnekazemat
- sykljochtkazemat
Boppedat wurdt omtinken jûn oan it ferset yn it algemien, de kanonnearboat Johan Maurits van Nassau, de Wûnsstelling en de fjoerwapens fan de Twadde Wrâldoarloch.
-
Kanonkazemat
-
Kommandokazemat
-
Duits kanonkazemat
-
Kanonnearboat Johan Maurits van Nassau
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|