Oerlis:Ofslútdyk
Nij mêd@Ieneach fan 'e Esk: Goeie. De eigennamme Ofslútdyk is hjoed feroare yn Ôfslútdyk. Ha ik in nije regel mist? Drewes (oerlis) 14 jan 2020, 16.57 (CET)
- @Drewes: Nee, of teminsten, dan haw ik it ek mist. Mar it sil grif wer te krijen hawwe mei de regel dy't foar de Fryske stavering noch altyd hantearre wurdt, dat kapkes en skerptekens op fokalen ferdwine as men fan in lytse letter in haadletter makket. In hiel soad minsken begripe dat net, en, no ja, litte we earlik wêze, it is eins ek net út te lizzen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 jan 2020, 21.44 (CET)
- @Drewes: Ik haw der wer "Ofslútdyk" fan makke. Sjoch ek Taalweb foar it ferskil tusken de stavering fan in ôfslútdyk, yn 'e sin fan in willekeurige dyk dy't in wetter ôfslút, en de Ofslútdyk, de dyk tusken Fryslân en Noard-Hollân dy't de eardere Sudersee ôfslút. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 jan 2020, 21.51 (CET)
Vlietermonument
[boarne bewurkje]@Ieneach fan 'e Esk, @RomkeHoekstra, @Drewes, @FreyaSport en @Mysha, goeie, ik lies op 'e Nederlânske side oer de Ofslútdyk, want ik wol ús side dêroer by de tiid bringe en oanfolje, oer it Vlietermonument. Ik haw dêr noch nea fan heard en ik bin dêr withoefaak bylâns riden. Sa fier't ik wit stie dat ding bekend as "It Monumint op 'e Ofslútdyk" of gewoan "It Monumint". Ik ha de webside fan 'e Ofslútdyk sjoen en dêr wurdt sprutsen fan Vlietermonument en ik haw Omrop Fryslân even nei sneupt en dy hawwe it oer it "Vlietermonumint". Sa't it skynt is de "Vlieter" de stream dêr't it gat tichte waard. En dy stream rûn hielendal nei de Warkumerwaard. En no myn fraach is wit immen ek wat de Fryske namme fan de "Vlieter" is as dy der is? Je soene sizze dat om't dy yn Frysk gebiet rint dêr in Fryske namme foar wêze soe. Alfêst tige tank. Kneppelfreed (oerlis) 19 okt 2025, 21.33 (CEST)
- @Kneppelfreed: Ik ha eefkes socht mar kom ek gjin aparte namme tsjin.--RomkeHoekstra (oerlis) 19 okt 2025, 21.54 (CEST)
- @Kneppelfreed: Yn it Nederlânsk-Frysk oersetwurdboek stiet by it (Ned.) wurd vlieten: v. Streame. Foar de oersetting sjitte we dêr neat mei op, mar de betsjutting fan Vlieter is dus gewoan "Streaming". Op dizze webside kin men it grutte Wurdboek fan 'e Fryske Taal ynsjen. De oare fjouwer wurdboeken útfinke en WFT oanstean litte. By "modern Nederlands trefwood" vliet ynfolje, dan rôlet der út it Fryske wurd "fliet" (sjoch de beskriuwing hjirre). Ik tink dat we op basis dêrfan Vlieter wol oersette kinne as "Flieter". Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 okt 2025, 21.58 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk en @RomkeHoekstra, tige tank. Dan dogge we mar fan "Flieter" dat liket my dan it bêste. Kneppelfreed (oerlis) 19 okt 2025, 23.37 (CEST)
- (No hoopje ik dat dit nei alle lju dy neamd wienen giet; sis it my at it net sa is): De Flyter is it de slinke dêr't it meastepart fan it wetter fan de Súdersee troch nei it Marsdjip (hjit dat sa) streamde. Dêrom is it in slinke troch al de ûndjipten fan it ferdronken Fryske lân, fan dêr't de Almar djipper wie nei wêr't de Waadsee wer djipper is. Ik soe sizze dat dat stik de Wansee is, mar ik haw net in Fryske seekaart dêr't dy namme op stiet. Mysha (oerlis) 27 okt 2025, 16.22 (CET)