Midden-Europeeske Tiid

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De tiidsônes fan Jeropa. De MET yn't readbrún

De Midden-Europeeske Tiid (MET), ek wol Sintraal-Europeeske Tiid (Ingelsk: Central European Time of CET), is in standerttiid dy't yn in grut part fan Europa en yn inkelde lannen yn Noard-Afrika brûkt wurdt. Hy rint krekt as de West-Afrikaanske Tiid ien oere foar op UTC. Dit tiidsferskil kin oanjûn wurde as "UTC+1". De 15°-meridiaan (east) wurdt as de sintrale as fan de tiidsône beskôge.

Sûnt 2011 wurdt yn alle lidsteaten fan de Europeeske Uny op de lêste snein fan maart de oergong nei de simmertiid makke. De klok giet yn dizze lannen in oere foarút nei de Midden-Europeeske Simmertiid (Ingelsk: Central European Summer Time), dy't oerienkomt mei UTC+2.