Bangert

Ut Wikipedy
Huzen dy't typysk binne foar Bangert
Sleat yn Bangert

Bangert is in buorskip yn de gemeente Medemblik, yn de provinsje Noard-Hollân.

It plak is ûntstien yn de tiid dat it doarp Andyk noch gjin echte fêste buorren hie, en it by in oantal buorskippen hearde dy't ûntstiene út túnkershúskes. De measte fan dy buorskippen binne ferdwûn of opgien yn it hjoeddeiske doarp Andyk. Bangert is as buorskip wol bleaun om't it bewesten leit fan de eigentlike buorren fan it doarp. Bangert wie lang de grutste fan de lytse kearnen. Yn 1667 krige it krekt eastliker lizzende Tsjerkebuert in tsjerke en groeide dêrnei frij fluch. Bangert krige it dêrtroch lestiger en hâldt de befolking. Bangert en Tsjerkebuert waarden soms ek tegearre neamd as ien kearn, mar de iene neamde it Bangert, de oare Tsjerkebuert. Letter soe Tsjerkebuert mear grûn yn it noarden krije en waard it echt in stik grutter as Bangert. Letter soe Bangert ek in eigen tsjerke krijge, in parochytsjerke dy't Parochy Marije Middelaresse fan alle Geneden neamd waard.

De Bangert waard yn de rin fan 19e en 20e iuw noch lytser troch ûntfolking troch earmoede en it ynnimmen fan grûn troch de gemeente Wervershoof. Dochs oerlibbe de kearn dat allegear en hat it tsjintwurdich noch hieltyd in dúdlike betsjutting fan in eigen buorren. Mei de Andyk en Tsjerkebuert waard Bangert fan 1 jannewaris 2011 ôf part fan de gemeente Medemblik.

Gemeente Bangert[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bangert wie fan 1 jannewaris 1979 oant en mei 31 desimber 1979 de gemeentenamme fan de gemeente Drechterlân, doe't de doetiidske gemeenten Blokker, Hoogkarspel en Westwoud fannijs yndield waarden. De namme wie in fersin, de gemeentenamme sloech op it buorskip De Bangert, dat diels ûnder de gemeente Drechterlân foel en diels ûnder de gemeente Hoorn. It waard yn de rin fan it jier oanpast, mar offisjeel feroare de namme pas mei it yngean fan it nije jier. Totaal waarden 149 minsken berne yn de gemeente Bangert.