Wervershoof
Wervershoof | |
---|---|
Mûne De Hoop | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Nederlân |
Provinsje | Noard-Hollân |
Gemeente | Medemblik |
Sifers | |
Ynwennertal | 8.115 (2021) [1] |
Oerflak | 15,77 km² wêrfan lân: 14,64 km² wêrfan wetter: 1,14 km² |
Befolkingstichtens | 554 / km² |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Koördinaten | 52° 44' N 5° 8' E |
Wervershoof (Frysk: Wervershôf[2]; Westfrysk: Wurvershouf) is in doarp en eardere gemeente yn West-Fryslân, yn de provinsje Noard-Hollân. Fan 1 maaie 1817 oant 1 jannewaris 2011 wie Wervershoof in selsstannige gemeente.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer it ûntstean fan de plaknamme Wervershoof besteane in oantal ferzjes. In protte sjogge de ferneaming nei de pleats (''hoeve'') fan de preker Werenfridus leafst. Werenfridus wie folgeling fan Willibrord en kaam nei it gebiet yn 690 om it evangeelje te ferkundigjen. Hy wenne destiids op in pleats yn it lettere Wervershoof.
It plak wurdt yn 1288 as banne Werfaertshof neamd op in lânkaart. Mar it ferhaal fan Werenfridus hat noch altiten in soad neifolgers. Ek binne de tsjintwurdige Sint-Werenfridustsjerke en de parochy wijd oan de hillige Werenfridus. De eartiidske tsjerke wie ek al oan him wijd.
It ynwennertal skommele tusken de 250 en 400. It oantal groeide neidat it yn 1817 in selsstannige gemeente waard. Yn 1868 wienen der benei 800 ynwenners. De gemeente sels waard doe fergrutte mei Hoog- en Laag-Zwaagdijk en hie doe sa'n 1600 ynwenners. It doarp bleau in tiid ûngefear lyk wat ynwennertal oanbelanget. Yn it begjin fan de 20e iuw groeide de befolking sterker, mar de echte groei kaam pas nei de Twadde Wrâldoarloch. It doarp groeide yn in perioade fan 40 jaar fan wat mear as 2000 nei 5000 ynwenners. De oare plakken yn de gemeente groeiden sa hurd net as it doarp Wervershoof.
De gemeente Wervershoof bestie neist it doarp Wervershoof út de doarpen Onderdijk en Zwaagdijk-East (Zwaagdijk). De ferkearsieren dy't troch de gemeente rûnen wieen de N240 en de N302. Op 1 jannewaris 2010 telde de gemeente 8.794 ynwenners (boarne: CBS) en hie se in oerflak fan 30,85 km² (wêrfan 6,72 km² wetter). Op 1 jannewaris 2011 is de gemeente fusearre mei de gemeente Andijk en de stêd Medemblik. Mei elkoar foarmje se de nije gemeente Medemblik. De lêste boargemaster fan de gemeente Wervershoof wie Floris Vletter.
Mûne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de grins fan de beboude kom oan it Zijdwerk, de âlde dykswei dy't Wervershoof mei Zwaagdijk ferbynt, stiet de mûne De Hoop. Dy stellingmûne komt út de Binnendijkse Buitenveldertsepolder fan de destiidske gemeente Nijer-Amstel en waard yn 1889 yn Wervershoof delset as ferfanger fan in âldere lytsere mûne. Sûnt april 2013 is der in museum yn de mûne ûnderbrocht, dat wijd is oan sportferslachjouwer Theo Koomen, dy't yn Wervershoof berne en begroeven waard.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jacobus Grent (1889-1983), biskop, dêr't it Biskop Grentplantsoen nei neamd is
- Johannes (Jan) Buis (1892-1935), pastoar en misjonaris dy't yn Sina wurke
- Jan de Boer (1893-1956), boargemaster en hoogheemraad
- Hans Caro (1928 - 1972), roeier
- Theo Koomen (1929-1984), sportferslachjouwer, dêr't de Theo Koomenleane nei neamd is
- Jacques Hetsen (1945 - 2007), bouûndernimmer en manager fan BZN
- Leo Kenter (1958), muzikant en skriuwer
- Yvonne Spigt (1988) reedrydster, Nederlânsk kampioene maratonsriden op natoeriis 2008 en 2012
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|