Banne (rjochtsgebiet)
Appearance
In banne wie eartiids de term foar in rjochtsgebiet.
In ban of banne stie ûnder de rjochtspraak fan in rjochter.
No noch is it wurd werom te finen yn plaknammen as Banne Buiksloot en Vrijenban en yn it wurd 'bandyk'. Eartiids waard sprutsen fan de Ban(ne) fan Westzaan, Assendelft ensfh.
Bannen waarden markearre troch banpeallen. Ien dy't "banne" waard, mocht net wer binnen de banne komme. Hy wie dan út de mienskip stjoerd. It wurd bandyt betsjut eins ‘immen dy't ferballe is’.