Bandyk

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Bandyk bylâns de Isel by Dimter by heechwetter

In bandyk of winterdyk is in rivierdyk, dy't heech genôch is om de heechst foarkommende wetterstannen tsjin te hâlden. De etymologyske ferklearring giet werom op de gearfoeging fan ban(ne) yn de sin fan rjochtsgebiet en dyk, dêrmei waard oanjûn dat dy dyk gerjochtelik skôge waard. De lêste jierren binne in soad fan dizze diken ferstevige, ferbrede en ophege fanwege de hege wetterstannen en dyktrochbrekken oan de ein fan de 20e iuw.

Trivia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Bandiken binne by motorriders populêr op simmerske. In soad oanwenjenden en rekreanten binne dêr op tsjin en freegje gemeenten om sokke diken ferkearslij te meitsjen, net selden mei súkses.
  • Bandijken kinne gefaar opleverje: meidat de loop faak troch de bochtsjende rivier bepaald waard binne de bochten foar guon hurd ridende automobilisten in te grutte ferrassing en reitsje ûnder oan it talud.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ban troch Riemer Reinsma (2000)