Heech- en Leech-Sweachdyk
Appearance
(Trochferwiisd fan Hoog- en Laag-Zwaagdijk)
Heech- en Leech-Sweachdyk (Nederlânsk: Hoog- en Laag Zwaagdijk ) is in eardere banne en gemeente yn de provinsje Noard-Hollân.
Heech- en Leech Sweachdyk bestie út de doarpen Onderdijk en Zwaagdijk, en de eardere buorskippen Lagedijk en Neuvel.
De banne foel tusken 1289 en 1795 jurisdiksjoneel ûnder Medemblik, it wie dêrnei koart selsstannich. Tusken 1796 en 1804 hearde it by Wervershoof, om dêrnei wer selsstannich te wurden. Yn 1812 kaam it by de gemeente Zwaag. Yn 1844 waard it, neidat de ynwenners ferskate aksjes ûndernomd hiene, in min ofte mear selsstannige gemeente, hoewol't formeel de gemeente Zwaag wol ferantwurdlik bleau. Neidat yn 1867 Heech- en Leech Sweachdyk ûnder de gemeente Wervershoof foel, ferdwûn geandewei de namme.