Skermer (drûchmakkerij)
De Skermer is in polder yn it eardere marregebiet yn 'e provinsje Noard-Hollân. De polder lei eartiids yn 'e gemeente Skermer, dy't sûnt 2015 ûnderdiel fan 'e gemeente Alkmar foarmet. It bestjoer fan 'e drûchmakkerij kaam gear yn it Noarderpolderhûs yn Schermerhorn
Bemealling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e 17e iuw binne in soad marren yn 'e hjoeddeiske provinsje Noard-Hollân drûch makke. Dat waard útfierd troch partikuliere bedriuwen, dy't dêrmei it gebiet tsjin wetteroerlêst beskermje woene en de nije, fruchtbere klaaigrûn ferhierden as nije fruchtbere lânbougrûn. Nei it grutte súkses fan 'e Beemster waarden ek plannen makke om oare marren ôf te wetterjen. Lang om let waard de 4 meter djippe en 4.726 ha grutte Skermar as ien fan 'e lêste grutte marren yn 'e krite tusken 1633 en 1635 drûchmealle.
De Noard-Hollânske binnenkruier waard troch de measte polderbestjoerders it meast geskikt beskôge om de mar drûch te meallen. By it drûchmeitsjen fan 'e Skermer binne wol wat fernijings oan 'e mûnen yntrodusearre, lykas in mûne dy't mei it oandriuwen fan twa skeprêden twa gongen tagelyk ôfwettere koe, mar it oer it generaal die bliken dat dy net foldiene.
Op it mêd fan wettersteatkundichgebiet waard wol ynnovaasje tapast. De wettersteatkundige situaasje fan 'e Skermer is yn twa opsichten oars as fan 'e Beemster. De Skermer hat bygelyks in binnenboezem, dy't foar it measte bestiet út de noarder- en suderfeart, mei in oantal lytsere sydfearten. Troch dat systeem koene de mûnen fan 'e earste trep fan 'e bemealling midden yn 'e polder stean en lytse peilferskillen maklik opfongen wurde. Dat is nearne oars yn 'e Noard-Hollânske drûchmakkerijen tapast.
Yn 'e Skermer binne ynstee fan losse gongen boppedat in oantal mealkompleksen tafoege. Dêrby is in groep fan ûndermûnen, dy't tegearre de binnenboezem bemealle yn in tuskenboezem. Dy tuskenboezem wurdt wer bemealle troch in oare groep mûnen, dy't it wetter nei de folgjende, heger lizzende tuskenboezem meallet. In groep boppemûnen meallet dêrnei it wetter út yn 'e Skermerboezem. It foardiel fan dat systeem is dat as in mûne útfalt, de gong gewoan trochgiet. Yn in tradisjonele gong steane alle mûnen daliks stil, om't se gjin wetter mear krije, of om't se it wetter net kwyt kinne. It systeem wie al besocht yn 'e Beemster, mar dêr waard it noch net folslein tapast. Allinne by de Skermer barde dat wol.
Yn 'e Skermer stiene twa fan dy grutte mealkompleksen: de 'Noardkust' tusken Schermerhorn en Ursem en de 'Súdkust' by Driehuizen . Dy twa kompleksen bestiene út fiif ûndermûnen, fiif middenmûnen en seis boppemûnen, dy't tegearre in mûnegong foarmen. De ekstra boppemûne wie om it peilferskil yn 'e Skermerboezem op te fangen, wêrtroch't se somtiden wat hurder wurkje moasten.
Dêrnjonken wie der by Schermerhorn in lytse gong fan twa ûndermûnen, twa middenmûnen en twa boppemûnen. Dy gong mealle gewoan mei, mar lytse eksperiminten foar ferbettering waarden altyd earst op dy gong útbesocht.
Meiïnoar wiene der dus 16 + 16 + 6 = 38 mûnen, dy't de binnenboezem leechmealle moasten. De Skermer wie opdield yn 14 ôfdielings, elts mei in eigen poldermûne. Dat brocht it totale oantal op 52 binnenkruiers. Dêrnjonken wie der yn 'e Schermar in lyts eilân, de Matten, dat troch de drûchmakkerij in ûnderbemealling nedich hie. Dêrfoar waard in lytse wipmûne boud.
Yn 1635 wie de mar drûchmealle en yn 1637 waarden de earste pleatsen boud.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ynearsten waarden de mûnen oantsjutten mei de namme fan 'e mûnder, mar letter krigen alle poldermûnen in letter neffens de ôfdieling. Ek de mûnen fan 'e gong by Schermerhorn en de Noardkust krigen letters, sadat der bygelyks in Poldermûne K en in Undermûne K is. De mûnen fan 'e Súdkust waarden mei in sifer oantsjut.
It earste begjin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De drûchlizzing fan 'e Skermar sette útein mei de oanlis fan in ringdyk, dêr't de âlde Huygen Dijck diel fan waard, en it útgraven fan in ringsleat en boezems. Dêrby waard ek in stik âldlân binnen de dyk holden. Op dat stik âldlân waarden de earste boppemûnen boud. De mûnen hienen in opfierhichte fan likernôch ien meter, dus dêrmei allinne wie de Skermer net drûch te meitsjen. Der wiene op de legere dielen dus mear mûnen nedich en dy earste middenmûnen waarden in eintsje fierderop en sa leech mooglik boud. De mûnebouwer krige dêrby de opdracht om de mûne sa yn te rjochtsjen, dat it skeprêd maklik leger set wurde koe. Ynearsten koene dy middenmûnen de boppemûnen helpe, mar nei't it peil yn 'e mar in ein leger wie, waarden in earste tuskenboezem groeven en wetterrinnen oanpast, sadat de middenmûnen sels folop mealle moasten. Sa ûntstie in twadde trep yn 'e bemealling. Om 't de polder likernôch 4 meter djip wiene ek dy middenmûnen net foldwaande. De ûndermûnen foarmen de tredde trep fan 'e bemealling en de poldermûnen wiene lang om let de fjirde rige.
De mûnen waarden yn twa fazen boud, de earste 36 mûnen waarden ein 1633 oankocht, de oare 16 folgen in pear moanne letter.
Ferhûzings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ynearsten waard op fiif plakken bemealle. Tusken Ursem en Schermerhorn (de 'Noardkust') en tusken Driehuizen en de Vuile Graft (de 'Súdkust') wiene der fuortdaliks al twa grutte kompleksen mei yn totaal 24 mûnen, en dêrnjonken fjouwer yn it westen op it eardere skiereilân De Bosch by Oudorp, fjouwer yn it noarden tusken Oterleek en Rustenburg en fjouwer yn it suden, oan 'e westkant fan 'e Vuile Graft .
De measte fan 'e lettere 16 mûnen waard brûkt as ûndermûne foar de ferskillende gongen. De gong by de Vuile Graft waard net útwreide om't der al plannen wiene om dy op te heffen. De poldermûnen koene net earder boud wurde as de polder hast drûchfoel; de hege dielen it earst en dat wiene de ôfdielingen A, I, K en L.
By it ferkaveljen yn 1635 wiene der 48 mûnen om de boezems te bemeallen en mar fjouwer poldermûnen. Jild om ekstra mûnen te bouwen wie der net en om dêr ferbettering yn te bringen waarden stadichoan mûnen ferhûze om as poldermûne te funksjonearjen. Alle ôfdielingen krigen in eigen polder. Nei de ferhûzing fan 'e mûnen moast der noch mear barre om de gongen yn balâns te krijen; der wiene noch te min ûndermûnen. De middenmûnen stiene no relatyf te heech en it soe noch oant 1666 duorje foardat de situaasje optimaal wie.
Ek de ôfskieding fan de ôfdielingen waard neitiid ferbettere. De meast opfallende ferbettering wie de weryndieling fan 'e ôfdielings G en H yn in leger lizzend beneden-GH en in heger lizzend boppe-GH. Beide nije ôfdielings holden in eigen mûne.
It ferfangen fan 'e skeprêden.
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It duorre oant yn 'e 19e iuw dat neffens nijer witten de skeprêden fan 'e mûnen ferfongen waarden troch skroeven. Om dat út te testen waard earst mei de mûnen fan 'e lytse gong by Schermerhorn útein set. Tocht waard dat troch de hegere opfierhichte fan 'e skroef it wol mei in gong minder ta koe. De twa ûndermûnen A en B waarden ôfbrutsen en de rest fan 'e gong funksjonearre as twatrepsbemealling.
Lang om let foel dat ôf; troch de hegere opfierhichte hiene de mûnen mear wyn nedich en dat soe liede kinne ta swierrichheden foar de bemealling. Yn 1852 waard wol besletten om alle mûnen skroeven te jaan, mar der gjin gong út te heljen. Sadwaande is allinne de gong by Schermerhorn redusearre ta in twatrepsbemealling.
Fan hout nei izer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn dy tiid kamen ek de klonken izeren roeden en de jitizeren assen yn 'e moade. Stadichoan binne doe de houten roeden en assen fan 'e Skermermûnen ferfongen troch izer. Yn 1899 hiene alle Skermermûnen izeren roeden en assen.
Elektrifikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wylst oare polders en drûchmakkerijen ein 19e en begjin 20e iuw op stoombemealling oerstapten, bleau de Skermer folle langer trou oan wynôfwettering. Mooglik wie de reden dêrfan dat it regelmjittich ferbean waard om op de Skermerboezem út te meallen. As dy it maksimale peil hie mocht der net mear mealle wurde, oant by leechwetter der wer loasd wurde koe.
As sa'n ferbod yngie, koe in wynmûne ienfâldich stilset wurde en by de opheffing dêrfan koe de mûne it wurk wer maklik oppakke. Mei in stoommasine moasten de tsjettels lykwols op stoom holden wurde, itjinge ekstra kosten betsjutte, en as de tsjettels al útset waarden duorre it wer in skoft ear't de druk wer wie en ek dat wie in neidiel.
Elektryske bemealling hat dy neidielen net en yn 1925 waard it beslút nommen om foar de Skermer elektryske gemalen te bouwen. De lêste mûnen ferlearen yn 1929 harren funksje en neitiid waarden de mûnen stadichoan ôfbrutsen as de âlde mûnder ferhûze of ferstoar. Lang om let bleaune der fan 'e 52 mûnen mar 11 oer.
Twadde Wrâldoarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldkriich kaam de elektryske bemealling dochs noch yn noed. Yn dy tiid moast Poldermolen O tegearre mei ûndermûne C en boppemûne E de Skermer wer tydlik bemealle. Dat wie fansels net yn ferhâlding mei de âlde 52 mûnen, mar sa koe teminsten de slimste wettersneed tefoarren komme wurde. Nei 1945 waard foar ditsoarte saken de Wet Beskerming Wettersteatswurken yn Oarlochstiid ynfierd, dêr't yn stie dat dy soarte mûnen mealree holden wurde moasten.
Restauraasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan it begjin fan 'e 21e iuw kaam der foar de Skermer in grut bedrach beskikber út it VSB Fûns. Oanfolle mei de reguliere subsydzjes wie it mooglik om mei in grut restauraasjeprojekt útein te setten. By dy restauraasje waarden alle Skermermûnen wer mealree makke; ek waarden wetterrinnen hersteld as dy tichtsmiten wiene.
De folgjende wynmûnen binne bewarre bleaun:
- Poldermûne D
- Poldermûne E
- Poldermûne K
- Poldermûne M
- Poldermûne O
- Undermûne C (eardere middenmûne)
- Undermûne D (eardere middenmûne)
- Undermûne K
- Undermûne O
- Boppemûne E
- Boppemûne G
Monuminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De drûchmakkerij is folslein beskerme yn it fêststelde beskerme doarpsgebiet. Ferskillende poldermûnen binne ryksmonuminten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Oare literatuer
|