Springe nei ynhâld

Undermûne D

Ut Wikipedy
Undermûne D
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Alkmar
plak Schermerhorn
adres Noordervaart 2
koördinaten 52° 36'N 4° 52'E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
flecht 24,90 m
boujier 1633
oare ynformaasje
eigner Skermer Mûnen St.
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 33101
Webside
www.museummolen.nl
Kaart
Undermûne D (Noard-Hollân)
Undermûne D

Undermûne D by it Noard-Hollânske Schermerhorn is ien fan 'e alve noch besteande mûnen fan 'e Skermer. De mûne is in museum en kin besocht wurde. Oarspronklik bemeallen 52 mûnen de Skermer, mar nei de bou fan elektryske gemalen yn 1925 binne de measte Skermermûnen ôfbrutsen, in pear binne troch brân ferlern gien.

By de mûne steane hjoed-de-dei noch twa oare mûnen: Boppemûne E en Undermûne C. Dêrom wurde de trije mûnen noch alris as in mûnetrijegong oantsjut, mar de mûnen foarmje feitlik in ûnfolsleine dûbele twagong. Der binne plannen om de folsleine dûbele twagong wer te rekonstruearjen en dêrfoar is de rekonstruksje fan 'e yn 'e jierren 1930 ôfbrutsen Boppemûne F nedich.[1]

Eartiids stiene yn dit diel fan 'e Skermer seis mûnen: twa ûndermûnen, twa middenmûnen en twa boppemûnen, dy't it wetter fanút de binnenboezem fan 'e Skermer oer ferskillende treppen nei de Skermerringfeart opmeallen. Undermûne D waard hjir yn 1636 opboud mei't de mûne ynearsten sûnt 1933 as middenmûne fan in trijegong by Ouddorp tsjinne hie. Op it nije plak foarme de mûne tegearre mei middenmûne C de tredde trep fan 'e bemealling yn in groep fan meiïnoar seis mûnen.

Undermûne C, mei dêr efter de museummûne en boppemûne E.

Yn 1850 waard der by de ferfanging fan skeprêden by de mûnegroep útprobearre as der mei in trep minder mealle wurde koe. Foar dat doel krigen de middenmûnen C en D oare wetterrinnen en langere skroeven, sadat sy in twadde en tredde trep foarmje koene. Dêrmei waarden de middenmûnen dus ûndermûnen. De oarspronklike ûndermûnen rekken oerstallich en waarden foar de ôfbraak ferkocht. As de test slagge soe itselde by de oare mûnegroepen yn 'e Skermer trochfierd wurde, mar de nije opset foldie net. Sadwaande bleau allinne de mûnegroep by Schermerhorn in twagong.

Mei de bou fan elektryske gemalen yn 'e Skermer waard yn 1926 Undermûne D bûten bedriuw steld. Fanwegen de oarlochsomstannichheden hat de mûne oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldkriich noch in skoft oan it wurk west. It wetterskip hat doe noch fjouwer mûnen mealree makke om de wetteroerlêst te kearen.

Undermûne D waard yn 'e jierren 1969-1970 mealree restaurearre en tsjinnet sûnt as museum. Besikers kinne sjen hoe't dêr yn in poldermûne wenne en wurke waard en hoe't de Skermer drûch makke waard. De boppekolk fan 'e mûne hat in oerstoart; yn 'e regel meallet de mûne yn sirkwy, mar by útsûndering wurdt de skúf tichtset en dan meallet de mûne it wetter nei Boppemûne E.

Yn it ramt fan it projekt om alle noch besteande Skermermûnen wer mealree te meitsjen, krige de mûne in nije houten skroef en foar in part nij reid. De houten skroef waard yn 2021 wer ferfongen. Yn itselde jier waarden ek nei 50 jier de âlde roeden strutsen en ferfongen.

De mûne is in reiddutsen, achtkante muonts mei in Ald-Hollânsk wjukkekrús en in flecht fan 24,90 meter. Lykas in soad Noard-Hollânske poldermûnen is Undermûne D in binnenkruier, de kape hat in kruiwurk mei houten rollen. Undermûne D hat in fêste skoarfang.

Undermûne D stiet tusken Boppemûne E en Undermûne C oan 'e Noarderfeart. De Skermermûnen binne eigendom fan 'e Skermer Mûnen Stifting.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: