Springe nei ynhâld

Undermûne C

Ut Wikipedy
Undermûne C
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Alkmar
plak Schermerhorn
adres Molendijk 4
koördinaten 52° 36'N 4° 52'E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
flecht 25 m
boujier 1635
oare ynformaasje
eigner Skermer Mûnen St.
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 33107
Kaart
Undermûne C (Noard-Hollân)
Undermûne C

Undermûne C by it Noard-Hollânske Schermerhorn is ien fan 'e alve noch besteande mûnen fan 'e Skermer. By de mûne steane noch twa oare mûnen, Undermûne D en Boppemûne E. Dêrom wurde de trije mûnen noch alris as in mûnetrijegong oantsjut, mar de mûnen foarmje feitlik in ûnfolsleine twagong. Der binne plannen om de folslein twagong wer te rekonstruearjen en dêrfoar moat yn 'e jierren 1930 ôfbrutsen Boppemûne F werboud wurde.[1]

Eartiids stiene yn dit diel fan 'e Skermer seis mûnen: twa ûndermûnen, twa middenmûnen en twa boppemûnen, dy't it wetter fanút de binnenboezem fan 'e Skermer oer trije treppen nei de Skermerringfeart opmeallen. Undermûne C wie ien fan 'e twa middenmûnen, dus in mûne fan 'e twadde trep. De mûnen waarden yn 1635 boud.

Undermûne C, mei dêr efter de museummûne en boppemûne E.

Mei't de skeprêden fan 'e mûnen yn 1850 ferfongen waarden troch skroeven feroare de dûbele gong fan trije nei twa mûnen. De boppemûnen en de middenmûnen bleaune, wylst de ûndermûnen A en B ferkocht en ôfbrutsen waarden. Fan 'e seis mûnen bleaune dus fjouwer mûnen oer en sûnt wiene de twa eardere middenmûnen ûndermûnen. Mei de bou fan elektryske gemalen yn 'e Skermer waard yn 1926 Undermûne C bûten bedriuw steld. Fanwegen de oarlochsomstannichheden hat de mûne oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldkriich noch in skoft oan it wurk west. It wetterskip hat doe noch fjouwer mûnen mealree makke om de wetteroerlêst te kearen.

De mûne waard yn 1968 restaurearre en krige doe in nije houten skroef. Sûnt draaide en mealle de mûne wer út en troch.

Yn it ramt fan it projekt om alle noch besteande Skermermûnen wer mealree te meitsjen, hoegde der net in soad oan Undermûne C dien te wurden.

De mûne is in reiddutsen, achtkante muonts mei in Ald-Hollânsk wjukkekrús en in flecht fan 25 meter. Lykas in soad Noard-Hollânske poldermûnen is ûndermûne C in binnenkruier, de kape hat in kruiwurk mei houten rollen. Undermûne C hat in fêst skoarfang. De mûne is mealree en meallet yn sirkwy.

Undermûne C stiet njonken Undermûne D en Boppemûne E oan 'e Noarderfeart. De mûne wurdt bewenne en kin net besocht wurde. De Skermermûnen binne eigendom fan 'e Skermer Mûnen Stifting.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: