Springe nei ynhâld

Poldermûne O

Ut Wikipedy
Poldermûne O
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Alkmar
plak Schermerhorn
adres Noordervaart 20
koördinaten 52° 36'N 4° 51'E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
flecht 25,10 m
boujier 1635
oare ynformaasje
eigner Skermer Mûnen St.
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 33106
Kaart
Poldermûne O (Noard-Hollân)
Poldermûne O

Poldermolen O is in poldermûne oan 'e Noarderfeart tusken Stompetoren en Schermerhorn yn 'e Noard-Hollânske gemeente Alkmar.

De mûne waard yn 1635 boud en bemealle eartiids de 353 ha grutte ôfdieling O fan 'e Skermerpolder op 'e Noarderfeart. Dy ôfdielingen waarden mei in letter oantsjut, mar binne letter ôfskaft. De namme fan 'e mûne ferwiist nei de ôfdieling. Oarspronklik hat poldermûne O de boppemûne fan 'e gong fan fjouwer mûnen west fan De Vuyle Graft by West-Graftdijk, dy't yn 1635 nei de hjoeddeiske lokaasje ferhûze.[1].

Nei alle gedachten waard it skeprêd yn 1883 troch in skroef ferfongen. De mûnen fan 'e Skermer bleaune lang wurkjen en pas yn 1925 foel it beslút om elektryske gemalen te bouwen. Yn 1926 rekke de mûne bûten gebrûk. Oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldkriich hat de mûne wer wurke om de Skermer te bemeallen, om 't der yn dy tiid in tekoart oan elektrisiteit wie.

Yn it ramt fan it wer mealree meitsjen fan alle Skermermûnen sûnt 2002, waard de mûne renovearre. De stielen skroef út de jierren 1990 is by de renovaasje troch in houten skroef ferfongen.

Poldermûne O is in reiddutsen achtkante muonts mei in Ald-Hollânsk wjukkekrús. Lykas in soad Noard-Hollânske poldermûnen is Poldermûne O in binnenkruier en it kruiwurk hat houten rollen. De mûne hat in fêste skoarfang.

De mûne is net te besichtigjen en is yn eigendom fan 'e Stifting De Skermer Mûnen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: