Springe nei ynhâld

Undermûne O

Ut Wikipedy
Undermûne O
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Alkmar
plak Ursem
adres Molenweg 12
koördinaten 52° 37'N 4° 52'E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
flecht 24.90 m
boujier 1633
oare ynformaasje
eigner Skermer Mûnen Stifting
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 33114
Kaart
Undermûne O (Noard-Hollân)
Undermûne O

Undermûne O is in poldermûne oan 'e Molenweg by Ursem. De mûne is ien fan 'e 11 mûnen fan 'e Skermer, dy't noch besteane. Oarspronklik wiene der 52 mûnen, dy't de 4.726 hektare grutte en 4 meter djippe mar drûch meallen.

Om de mûne te ûnderskieden fan it grutte tal mûnen yn 'e krite waard de mûne mei in letter oantsjut. Undermûne O leit wat ôfsidich fan 'e oare noch besteande Skermermûnen.

De mûne waard tsjin 'e ein fan 1633 of it begjin fan 1634 as boppemûne boud foar de doe noch drûch te meallen Skermar. Nei't de mar foar it grutste part drûchmealle wie, fûnen der oanpassings oan 'e lokaasjes fan 'e mûnen plak. Yn it ramt dêrfan ferhûze de mûne yn 1652 nei it hjoeddeiske plak om dêr tenei as ûndermûne te wurkjen. Dêr wie de mûne ûnderdiel fan sechtjin mûnen tusken Ursem en Schermerhorn, in gebiet dat de namme Noardkust hie. Dy meallen oer trije treppen de binnenboezem fan 'e Skermer op de Skermerboezem ôf. Hjoed-de-dei binne de measte mûnen fan dy groep ferdwûn.

It skeprêd fan 'e mûne waard yn 1882 ferfongen troch in skroef en yn 1929 rekke de mûne syn mealfunksje kwyt. Yn maart 1944 waarden de as, roeden en stander ferwidere om se te brûken foar de Barremolen yn Zoeterwoude-Rijndijk.

Yn 1957 waard de mûne foar it each wer restaurearre en krige er in boppe-as, twaddehâns roeden en in asrêd. Dat asrêd wie net mear as in âld skroefrêd en fierstente lyts om de mûne draaie te litten. Dêrnjonken wie ek de boppe-as foar de mûne te koart. Yn 'e jierren 1980 waarden de alve noch besteande Skermermûnen wer draaifeardich makke en doe krige Undermûne O in nije en langere boppe-as, nije roeden en in nij asrêd, sadat de mûne wer draaie koe. Yn 1999 krige de mûne ek wer in stander.

Mei't it VSB Fûns yn 2002 jild beskikber stelde foar de restauraasje fan alle Skermermûnen, binne de alve mûnen ek wer mealree makke. Undermûne O is yn 2004 wer hielendal kompletearre. De mûne krige in mealsirkwy en de skroefwetterrin fan 'e yn 1930 ôfbrutsen Undermûne N tsjinnet dêrby as oerstoart.

Eigner fan 'e mûne is de Skermer Mûnen Stifting.

De mûne is in reiddutsen, achtkante muonts mei in Ald-Hollânsk wjukkekrús. Lykas in soad Noard-Hollânske poldermûnen is de mûne in binnenkruier, dat wol sizze dat de kape fan binnen kruid wurde moat. It kruiwurk hat 50 houten rollen. De mûne hat in fêste skoarfang.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: