Geert Kuiper (Wolvegea, 5 july1960) is in earder reedrider en reedriderscoach. Hy helle op it NK Sprint 1 gouden en trije sulveren medaljes en ien kear sulver op it NK Ofstannen.
Fan 2018/2019 ôf oan is er technysk adviseur by it Kanadeeske reedrydbûn. [1]. Hy kombinearret it wurk as trainer/coach mei syn feehâlderij en skreau kollums foar ûnder oare de Volkskrant. Ek wie er aktyf by de seleksje fan kuorbalklup SCO Aldeholtpea.