Herman Ulrich Huguenin
Herman Ulrich Huguenin | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1808 | |
berteplak | Wolvegea | |
stoarn | 1873 | |
stjerplak | Grins | |
wurkpaad | ||
berop/amt | abbekaat, rjochter | |
aktyf as | 1838–1860: Rjochter by de Rjochtbank Snits 1850–1853: Twadde Keamerlid 1860–1873: Riedshear yn de Hege Ried fan de Nederlannen |
Herman Ulrich Huguenin (Wolvegea, 23 novimber 1808 - Grins, 7 oktober 1873) wie in Frysk rjochter en lid fan de Twadde Keamer.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Herman Ulrich Huguenin wie in soan fan de militêr en maire fan Sonnegea Jan Thomas Ferdinand Huguenin en Lambertina Henriëtte Huber. Syn famylje stamde oarspronklik út Switserlân.[1] Hy studearre oan it Ateneum yn Frjentsjer (1827-1830) en dêrnei Romeinsk en hjoeddeisk rjocht oan de Ryksuniversiteit Grins, dêr't er yn 1830 promovearre. Yn 1831 naam er diel oan de Tsiendeiske Fjildtocht en fan 1833 oant 1838 wurke er as abbekaat op it It Hearrenfean. Yn 1838 waard er beneamd ta rjochter by de Arrondissemintsrjochtbank yn Snits. Yn 1840 troude er yn Snits mei Sytske Meijer, mei wa't er in soan en in dochter krige.[2]
Fan oktober 1850 ôf wie er lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal foar it kiesdistrikt Snits. Hy rekke syn sit kwyt yn april 1853 nei de Aprilbeweging, mar kaam yn 1854 foar noch goed in jier werom yn de Twadde Keamer. Yn 1855 moast syn sit dêr fannijs bekrêftige wurde nei syn beneaming ta skoalopsjenner, mar hy waard net op 'en nij keazen. Yn de Twadde Keamer stelde er him as pragmatysk liberaal op, en hie it dêr fral oer justysjele ûnderwerpen.
Yn 1860 stie Huguenin as fyfde op de oanbefellingslist foar beneaming as riedshear yn ' e Hege Ried fan de Nederlannen. De Twadde Keamer sette him lykwols as earste op 'e foardracht, en sadwaande waard yn maaie 1860 beneamd ta riedshear.[3]
Hy stoar yn 1873 yn de âldens fan 64 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|