Springe nei ynhâld

Tsjerke op 'e Hichte

Ut Wikipedy
Tsjerke op 'e Hichte
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Weststellingwerf
plak Wolvegea
adres Tsjerkestrjitte 7
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1646
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 38881
offisjele webside
Protestanske gemeente Wolvegea

De Tsjerke op 'e Hichte is ien fan de twa tsjerkegebouwen fan de protestanske gemeente fan Wolvegea, gemeente Weststellingwerf. De oare tsjerke fan de gemeente is Ane Nauta's Ichtustsjerke, de eardere grifformearde tsjerke dy't ek oan de Tsjerkestrjitte stiet. De herfoarme en de grifformearde gemeente fan Wolvegea binne sûnt 1 jannewaris 2011 ta ien gemeente fusearre. De protestanske gemeente bliuwt beide tsjerken brûken.[1]

De tsjerke waard yn 1646 as sânde tsjerke op de terp boud yn opdracht fan grytman Dirk van Baerdt, nei't de foargonger ferwoastge wie. Oan de ûnderste dielen fan de muorren is te sjen dat by de bou âldere dielen fan de foargonger op 'e nij brûkt waarden. Dy foargonger wie noch yn de roomske tiid boud en oarspronklik oan Marije Magdalena wijd.

Yn 1853 baarnde de toer fan de ienskepige tsjerke foar in part út. It boppeste diel fan de toer waard doe fernijd. De houten opbou mei in ynsnuorre spits datearret fan 1894. De lûken fan de ramen fan de tsjerke binne yn 1986 tafoege.

Schwarzburg-oargel

It plafond fan de tsjerke wurdt mei in tonferwulft ôfsletten. Yn de tsjerke steane û.o. in preekstoel mei doophek en twa hearebanken út de 17e iuw. In tredde hearebank ferdwûn yn 1938-1939, doe't de tsjerke op 'e nij ynrjochte waard om mear romte te meitsjen. De preekstoel krige doe it hjoeddeiske plak yn it trijesidige koer fan de tsjerke. Eartiids wie de tsjerke behongen mei roubuorden. Dêrfan binne mar twa oerbleaun: dy fan Willem fan Haren (1728) en Duco fan Haren (1742).

Yn 1732-1733 boude Johann Michaell Schwartzburg yn opdracht fan grytman Duco fan Haren in nij oargel foar de tsjerke. Tsjintwurdich is it Wolvegeaster oargel it âldste bewarre bleaune ynstrumint fan de oargelbouwer. Oare Fryske oargels van Schwartzburg binne te finen yn de tsjerken fan Burchwert, Moarre en de Waalske tsjerke fan Ljouwert. It iken front yn de Loadewyk XIV-styl draacht ryk fykwurk fan Jacob Sydses Bruinsma. It ynstrumint ûndergyng yn de rin van de tiid in soad feroarings, mar by de restauraasje fan de jierren 1960 krige it oargel fan Flentrop Oargelbou út Saandam de oarspronklike disposysje werom.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: