FC Wolvegea
| FC Wolvegea | ||||||||||||||||||||||
| Oprjochte | 1 july 1968 | |||||||||||||||||||||
| Plak | Wolvegea | |||||||||||||||||||||
| Sportkompleks | Sportpark Molenwiek | |||||||||||||||||||||
| Kompetysje | Sneons twadde klasse | |||||||||||||||||||||
| ||||||||||||||||||||||
FC Wolvegea spilet oan de Krússtrjitte yn Wolvegea. De feriening is oprjochte op 1 july 1968. It tenu fan de klup bestiet út in pears shirt mei wite skouders in wite broek en pearse sportsokken.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fúzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 29 maart 1928 wurdt yn Wolvegea DOG (Door Oefening Geslaagd) oprjochte. Yn de folksmûle wurdt de klup al gau "De Oude Garde" neamd. Yn 1929 wurdt DOG talitten ta it Fryske fuotbalbûn (FVB) en sil spylje yn de 2e Klasse. Yn 1933 promovearret DOG nei de 1e Klasse FVB. Yn 1936 wurdt de 3e Klasse KNVB berikt. De klup draait jierren mei yn de 3e Klasse. Yn 1965 wurdt lang om let de 2e Klasse helle. Twa jier letter degradearret de klup wer. Op 1 july 1949 wurdt DIOW (Door Inspanning Ontspanning Wolvega) weroprjochte. De klup berikt yn 1961 de 1e Klasse FVB. Op 18 juny 1968 beslute DOG en DIOW om tegearre fierder te gean. De nije klupnamme wurdt FC Wolvegea.
Sneinskfuotbal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sneinsôfdieling blykt de suksesfolste tak te wêzen fan FC Wolvegea. Yn 1988 folget promoasje nei de 2e Klasse KNVB en yn 1994 sels nei de 1e Klasse. Yn de dêrop folgjende jierren wikselje kampioenskippen en degradaasjes inoar ôf. Yn 2017 wurdt besletten om op te hâlden mei fuotbaljen op snein.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|