Springe nei ynhâld

Gerulf

Ut Wikipedy

Gerulf of Gerolf (ek Gerulf de Jongere; om 850 hinne - 895 of 896) fan West-Fryslân (Fresia) wie in Fryske greve út de 9e iuw dy't ûngefear hearske tusken 850 en 890. Hy wurdt meastentiids sjoen as de stamheit fan de lettere Hollânske greven, dy't bekend stean as de Gerulfingen of it Hollânske Hûs.

De namme wurdt soms ek wol skreaun mei de tafoeging fan Kinmerlân of mei fan Hollân en betiids ek as de Jongere om him te ûnderskieden te kinnen fan syn pake Gerulf I. Hy stie yn syn tiid bekend as comes Fresonum ("greve fan de Friezen").

Gerulf wie in greve yn it westen fan Frisia yn de midsiuwen de namme foar it wengebiet fan de Friezen, mar syn woartels lizze nei alle gedachten yn it noarden fan Frisia, yn Westergoa. Syn heit en foargonger wie greve Gerhart dy't it Fryske goagreefskip Westergoa yn lien hie. Syn pake wie mooglik Gerulf de Aldere dy't yn in oarkonde fan 877-890 neamd waard. Fierder wiene der yn de 8e en 9e iuw yn it noarden fan Frisia ferskate greven mei de namme Durk (Theodericus), dêr't guon de foarâlden fan Gerulf fan west hawwe koene. Gerulf sels hie in soan Durk.[1]

De komôf fan Gerlof is net helder. Der is in hypoteze neffens Hugo Jaekel dat er in neisiet is fan de Fryske kening Redbad. Dêr bestiet lykwols, útsein guon dizige oerienkomsten fierder gjin bewiis. It is mooglik dat de manljusline fan de Fryske kening al rillegau útstoarn is.[2]

Neffens Maria de Winter kinne de Gerulfingen besibbe wêze oan it Saksysk skaai de Immedingen. Ien fan har dochters soe boaske wêze mei Geruf en soan Durk soe ferneamd wêze nei syn pake oan memmekant. Lykwols dêr is mar ien kear de namme Durk yn de Immedingers oantroffen.[3]

Der wurdt oannommen dat greve Gerulf en syn neiteam fan de Fryske keningen ôfstammen, op grûn fan it bewiis dat Gerulf syn pakesizzer fan Redbad hiet en de nauwe bannen tusken syn soan Waldger en de Utertske biskop Redbad. Lêstneamde stamme neffens de Vita radbodi (10e iuw) fan de Fryske kening Redbad.

Gerulf bestjoerde sels ynearsten út namme fan de Eastfrankyske kening Arnulf itselde greefskip as syn heit yn Mid-Fryslân. Letter krige er Teisterbant yn lien. Yn 889, nei de moard op Godfried de Wytsing, is oer him optekene dat er lân hie yn it Kinmerlân by Noardwyk en de tsjintwurdige provinsje Noard-Hollân dat doe fan West-Fryslân hjitte. Gerulf hie dêr in rjocht fan fiskerij oan de Rynmûning en beskikte oer guod yn Teisterbant.

Alhoewol't it greefskip fan Gerulf sûnt it Ferdrach fan Ferdun ûnderdiel wie fan it Eastfrankyske Ryk, hienen de Wytsingen it dêr winliken foar it sizzen. Dêr kaam pas in ein oan troch de moard op Godfried de Wytsing op 4 augustus 885, dêr't Gerulf mooglik in hân yn hie. As beleanning foar syn wichtige rol by it ferdriuwen fan de Wytsingen krige er fan de kening in oantal besittingen tawiisd bûten syn greefskip yn in gebiet tusken Bennebroek en de Alde Ryn.

Hy moast fuortendaliks nei de moard op Godfryd de greeflike macht yn West-Frisia nei him talutsen ha.[4] Al yn 885 moast Gerulf greve fan it Rynlân west hawwe, en mooglik it hiele gebiet tusken Westflinge en de Maas, dêr't it Rynlân part fan wie. Neffens D.P. Blok hearske Gerulf sels oer gâns West-Frisia, dus gâns de kuststripe tusken it Fly en Maas, mei de goaen Teksel, Kinmerlân, Rynlân en Masalân en ek it greefskip Doarestêd en de goaen Teisterbant, Lek, Isel en Nifterlake.[5]

Greve Gerulf wie de heit fan Durk I en Waltger. Alletwa soannen wienen ek greve. Durk I fan it Greefskip West-Frisia en Waltger fan Greefskip Teisterbant.

Gerulf syn neiteam naam it famyljebesit oer en wreide it greefskip stadichoan út. It is lykwols net wis yn hoefier de ynfloed fan de greve oer it greefskip rikte. Greve Arnulf kaam yn 993 om it libben nei't er in opstân fan syn ûnderdienen delbêdzje woe. It gebiet boppe de IJ bleau wiswier al bûten harren ynfloed. De Friezen hiene net folle op mei it greeflik bestjoer. Durk III en syn soannen Durk IV en Floaris I holden harren ta yn it suden. Yn 'e 11e iuw kaam de namme "Hollân" faker yn gebrûk foar it greefskip om't it ferskil tusken de greefskip yn it suden en de Fryske befolking yn it noarden yn kultureel, rjochterlik en taalkundich hieltyd mear ferskille. Yn 1101 neamde greve Floares II him comes de Hollant ("greve fan Hollân")

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Boarnen

  • D. Kalma, Skiednis fan Fryslân, (Grou, 1965), side 109, 112 (Grevenammen).

Noaten

  1. E. Verwijs (1864), De abdij van Corvei en de kerk van Leeuwarden, Suringar, Ljouwert; K. Nieuwenhuijsen (2009), De afstamming van de Hollandse graven, De Nederlandsche Leeuw 126-2, 29 - 39, digitale ferzje: www.keesn.nl/graven.; K. Nieuwenhuijsen (2016), Strijd om West-Frisia. De ontstaansgeschiedenis van het graafschap Holland: 900-1100, Omniboek, Utert, siden 197 en fierder Argivearre op 27 oktober 2021.
  2. H. Jaekel (1895), Die Grafen von Mittelfriesland aus dem Geschlechte Konig Ratbods, Perthes, Gotha; K. Nieuwenhuijsen (2009).
  3. Winter, J.M. van (1981), Ansfried en Dirk, twee namen uit de Nederlandse geschiedenis van de 10e en 11e eeuw, yn: Naamkunde XIII, side 74; K. Nieuwenhuijsen (2009).
  4. Regino van Prüm, Reginonis Chronicon, MGH SRG 50, p. 123-124; K. Nieuwenhuijsen (2009), siden 15-22.
  5. Henstra, D.J. (2012), Friese graafschappen tussen Zwin en Wezer, Van Gorcum, Assen, siden 66,67