Springe nei ynhâld

Fryske greven

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fryske greve)

De Fryske Greven wienen de greven dy't de kustprovinsjes regearden fan it tsjintwurdige Nederlân. Oant en mei healwei de 11e iuw waard nammentlik it kustgebiet oantsjutten mei de beneaming Fresia (Fryslân), nei it eardere Fryske ryk dat yn de 8e iuw troch de Franken oermastere waard. Dêrom wurde de greven dy't yn dat tiidrek hearske hawwe Fryske greven neamd. Letter soene oare beneamings yn swang komme, bygelyks foar de greven fan Hollân en Seelân.