Springe nei ynhâld

Fryske greven

Ut Wikipedy

De Fryske Greven wienen de greven dy't de kustprovinsjes regearden fan it tsjintwurdige Nederlân. Oant en mei healwei de 11e iuw waard nammentlik it kustgebiet oantsjutten mei de beneaming Fresia (Fryslân), nei it wengebiet fan de Friezen dat yn de 8e iuw troch de Franken oermastere waard. Dêrom wurde de greven dy't yn dat tiidrek hearske hawwe Fryske greven neamd. Letter soene oare beneamings yn swang komme, bygelyks foar de greven fan Hollân en Seelân.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Menno Dijkstra (2011), Rondom de mondingen van Rijn & Maas: landschap en bewoning tussen de 3e en 9e eeuw in Zuid-Holland, in het bijzonder de Oude Rijnstreek, Sidestone Press, side 377.
  • Kees Nieuwenhuijsen (2016), Strijd om West-Frisa, De ontstaansgeschiedenis van het graafschap Holland, Omniboek.
  • Dirk Jan Henstra (2012), Friese graafschappen tussen Zwin en Wezer, Assen: van Gorcum, ISBN 9789023249788