Gerulfingen

De Gerulfingen, wie de famylje fan de earste greven fan (West-)Fryslân en Hollân. De nammejouwer wie Gerulf de Aldere († nei 839). Der is in hypoteze, dy't oppenearret dat er ôfstammet fan de Fryske kening Redbad († 719). J.M. van Winter is fan betinken dat de skaai besibbe wêze kin oan it Saksyske aadlike laach de Immedingen.[1] De haadliny fan de famylje stoar út yn 1299 mei it ferstjerren fan Jan I. In sydliny wienen de greven fan Bentheim, dy't yn 1421 likegoed útstoar. De famylje kaam letter ek wol bekend te stean as it Hollânske Hûs.
De Gerulfingen hawwe ien Roomsk-kening fuortbrocht: Willem II. Neffens de oerlevering soe der in tal sydstagen fan dy dynasty west hawwe fan bern, dy't net berne wienen yn it houlik. Hja hearden dan ek net ta de haadstaach fan de famylje. Guon foarbylden fan dy famyljes dy't neamd wurde binne de Van Egmonds en de Van Wassenaars en de Jellema's. Neamd wurde as sydstaach fan de greeflike famylje kin lykwols ek in wize om jins reputaasje te fergrutsjen. Bastertbern waarden yn dy tiid noch net sa ôfkard as letter it gefal wurde soe. Hoewol't se net streekrjocht opfolgje koene, koenen se wol brûkt wurde om famyljebelangen feilich te stellen.
Utsein Hollân hiene de Gerulfingen ek it bewâld oer Seelân en meitsje oanspraak op Mid Fryslân. Ferskate greven hawwe besocht Westerlauwersk Fryslân yn besit te krijen mar binne dêr lang om let net goed yn slagge.
Doe't de Gerulfingen útstoaren waard It Hollânske Hûs opfolge troch de Henegouske hearen fan it Hûs fan Avesnes.
Bentheim
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In sydstaach fan de Gerulfingen wie eigener fan it greefskip Bentheim. It besit kaam yn de famylje troch it houlik fan de erfdochter Sophia van Rheineck mei greve Durk VI fan Hollân. Harren âldste soan Floaris III fan Hollân krige it greefskip Hollân, de jongere soan Otto it greefskip Bentheim. Dy staach stoar ein 14e iuw út, wêrnei't Bentheim yn froulike line fererve.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|