Teisterbant
Appearance
Teisterbant wie yn de Midsiuwen in goa of greefskip yn it Rivieregebiet. It gebiet fan om Flaardingen hinne oant Tiel, begrinze troch de rivieren Lek, Maas, Waal en Hollânske Isel. De hjoeddeistige Neder-Betuwe makke der part fan út, mar ek plakken as Fianen, Aalburch, Culemborg, Batenburch, en Malsen (nei alle gedachten ek Geldermalsen). Tiel wie de haadstêd fan it gebiet.
Dit artikel is in stobbe oer lânskip streek as regio.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |