Aalburch (Nederlânsk en offisjeel: Aalburg) is in eardere gemeente yn de provinsje Noard-Brabân (Lân fan Heusden en Altena) yn Nederlân. De gemeente besloech 53,16 kante kilometer en hie 13.061 ynwenners (30 april 2017, boarne: CBS).
De gemeente ûntstie yn 1973 troch in fúzje fan de gemeenten Wyk en Aalburch, Veen en Eethen en gie mei yngong fan 1 jannewaris 2019 op mei de eardere gemeenten Werkendam en Woudrichem yn de gemeente Altena.
Babyloniënbroek, Drongelen, Eethen, Genderen, Meeuwen, Spijk, Veen en Wijk en Aalburg (gemeentehûs).