Lân fan Heusden en Altena
It Lân fan Heusden en Altena is in streek yn it noarden fan de provinsje Noard-Brabân. De streek wurdt begrinze troch de Merwede yn it noarden, de Ofdamme Maas en de Heusdenske Maas yn it easten, de Biesbosch yn it westen en de Berchske Maas yn it suden. It grutste plak yn it gebiet is Werkendam. Woudrichem is histoarysk it wichtichste plak.
It gebiet leit yn de gemeente Altena. Yn totaal wenje der 57.000 minsken (2021) ferspraat oer 21 doarpen. It wie oant ± 1960 yn wêzen in eilân mei in isolearre libjende befolking. Lânskiplik foarmet it de fuortsetting fan it Gelderske rivieregebiet, benammen fan de oanswettende Bommelerwaard. De klaaigrûn wykt sterk ôf fan de yn Brabân mear fertroude sângrûn.
It Lân fan Heusden en it Lân fan Altena wurde sûnt de oanlis fan de Berchske Maas yn 1904 yn ien siken neamd. De Berchske Maas trochsnied it Lân fan Heusden, dêr't de súdlike "legere doarpen" fan en ek Heusden sels har dêrnei mear op de rest fan Brabân oriïntearjen gien binne. Dy falle dus bûten it Lân fan Heusden en Altena. De histoaryske grins tusken de eardere hearlikheden Heusden en Altena ferrint noardlik fan Veen en Babyloniënbroek en eastlik fan Dussen. Beide gebieten komme beide fuort út it midsiuwske goa Teisterbant, Kleefsk waarden, dêrnei de 14e resp. 13e iuw Hollânsk en pas oan it begjin fan de njoggentjinde iuw Brabânsk. In opmerklik ferskil mei de rest fan Noard-Brabân is dan ek de sterk protestantske ynslach fan it gebiet.