Springe nei ynhâld

Godfryd de Wytsing

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Godfried de Wytsing)
Deenske sealju, skildere healwei de 12e iuw

Gudröd Haraldsson better bekend as Godfryd de Wytsing, wie in Deenske Wytsing dy't it tusken 880 en 885 foar it sizzen hie yn in grut part fan Nederlân dat yn dy tiid noch Fryslân hiet.

Godfryd waard om-ende-by 820 berne yn Denemarken as soan fan Harald Halvdansson (Harald Klak), in Deenske haadling en Sigrid Helgesdotter. Hy wie ek in neef fan de Deenske Wytsingenlieder Rorik dy't in grut part fan it eardere Fryske ryk fan de Frankyske kening yn lien krigen hie.

Greve fan Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Godfryd kaam nei Fryslân ta en tsjinne ûnder syn omke. Hy liet him bekeare ta it Kristlik leauwen en boaske yn 869 mei Gisela, de dochter fan Lotarius II. Yn 880 kaam Rorik te ferstjerren en waard opfolge troch Godfryd. Dy foel mei syn Wytsingeleger Flaanderen yn en oermastere Gint. Dêrwei sette hy ferskate plondertochten op tou en waard in grutte tal delsettingen ynnommen, lykas: Maastricht, Liol, Stavelot, Prüm, Keulen en Koblenz. Om in ein te meitsjen oan dy kriichstochten hie de Frankyske kening Karel de Grouwe in moeting mei Godfryd en joech him hiel Fryslân yn lien.

Yn 882 sleat hy in ferdrach mei Hugo fan de Elsas, in ûnwettige soan fan Lotarius II, yn Spijk yn de hope om Loataringen yn hannen te krijen. As part fan it ferdrach boaske er mei Hugo syn suster Gisela. Hy waard yn 885 lykwols fermoarde troch in groep Frykse eallju, dêr't de Fryske greve Gerolf diel fan útmakke. Dêrmei kaam in ein oan it bewâld fan de Wytsingen yn Fryslân.

  • Encyclopedia: Grote Winkler Prins
  • Algemene Geschiedenis der Nederlanden (AGN)