Gisela fan Loataringen

Ut Wikipedy

Gisela fan Loataringen (earne tusken 860 en 865 - tusken 21 juny en 26 oktober 907) wie in dochter fan de Karolingyske kening Lotarius II en syn frijster Waldrada.
Har heit en mem krigen fjouwer bern. Utsein Gisela waarden Hugo, hartoch fan de Elsas, Berta en Ermengarde berne. Oermits Lotarius der foar de tsjerke net slagge en skied fan syn frou Teutberga waarden Gisela, har broer en har susters nea offisjeel erkend. Hja boaske om 882 hinne mei Godfryd de Wytsing, dy't hartoch fan Fryslân wie. Hy waard lykwols trije jier letter yn maaie 885 by Spijk fermoarde troch in nust Fryske eallju. Nei de dea fan har man, waard sy yn in kleaster yn feilichheid brocht. Letter waard sy kleasteroerste fan de abdij fan Nijvel en de abdij fan Fosses.

Foarâlden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarâlden fan Gisela fan Loataringen
Oerpake en beppe Loadewyk de Fromme (778-840)

Ermengarde fan Haspengouw (778-818)
Hugo fan Tours (775-837)

Ava fan Morvois (-)
? (–)

? (-)
? (–)

? (-)
Pake en beppe Lotarius I (795-855)

Irmgard (805-851)
? (-)

? (-)
Alden Lotarius II (835-869)

Waldrada fan Loataringen (840-869)
Gisela fan Loataringen (860-907)