Springe nei ynhâld

Prüm

Ut Wikipedy
Prüm
Emblemen
Polityk
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Bitburg-Prüm
Stedsyndieling 5 Stadtteile
Sifers
Ynwennertal 5.442 (2021)
Oerflak 22,87 km²
Befolkingsticht. 238 ynw./km²
Hichte 460 m
Oar
Koördinaten 50° 12' N 6° 25' E
Offisjele webside
www.stadtpruem.de
Kaart
Prüm (Rynlân-Palts)
Prüm

Prüm is in stêd yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Prüm is it haadplak fan 'e ferbânsgemeente Prüm, dat ûnderdiel foarmet fan 'e lânkring Bitburg-Prüm.

Prüm waard yn 720 foar it earst as villa prumia neamd. Yn 721 waard troch Bertrada de Aldere, de oerbeppe fan Karel de Grutte, in abdij stifte. Dy stifting mislearre, mar der folge yn 752 mei sukses in nije stifting troch kening Pepyn de Koarte en de frou. By Prüm waard ek it Frankyske Ryk fan Lotarius I ferparte mei it Ferdrach fan Prüm. Yn 1222 waard dy abdij troch keizer Freark II ta in foarstedom beneamd.

De abdij waard yn 1576 troch it karfoarstedom Trier anneksearre, mar waard omklamme troch gebieten dy't fan Vianden wiene. By in grutte stedsbrân yn 1769 waarden 214 fan de 294 hûzen fernield. Nei Waterloo waard Prüm mei it eastlike diel fan Vianden troch it Weenske Kongres oan Prusen tawiisd. Dêr soe it ûnderdiel wurde fan 'e nije Rynprovinsje.

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch wie de stêd sûnt 16 septimber 1944 it doel fan Amerikaansk artilleryfjoer. Fral op en nei 23 desimber waard de stêd swier bombardearre. De stêd waard foar 80 % fernield. By de opdieling fan Prusen troch de alliearden yn 1946 waard Prüm by de nije dielsteat Rynlân-Palts yndield.

Prüm nei de ekspoazje fan 1949

Prüm is ek bekend fanwegen de grutte eksploazje yn 1949. Fanwegen de brân yn in bunker yn de Kalvarienberg eksplodearre dêr sa'n 500 ton springstof, dy't brûkt wurde soe by it ferwiderjen fan 'e bunkers fan 'e Westwall. De eksploazje makke in krater fan likernôch 20 meter djip en de grûn en stiennen waarden oer kilometers weislingere. De eksploazje fernielde in soad hûzen dy 't nei de Twadde Wrâldoarloch krekt wer opboud wiene. Mei troch in evakuaasjebefel bleau it tal deaden (12) en ferwûnen (15) relatyf beheind.

Prüm leit oan 'e Tettenbach en de Prüm (in sydrivier fan 'e Sûre) oan 'e foet fan it Schneifelberchtme tusken de Ardinnen en de Eifel op in hichte fan 420 oant 560 m. boppe seenivo. De stêd joech de namme oan 'e grutste kalkstiendelling út it Devoan, de 240 km² grutte Prümer Kalkpanne.

Yn it ramt fan weryndielings tusken 1969 en 1974 waarden fjouwer folgjende omlizzende gemeenten as Stadtteile by Prüm yndield:

  • Dausfeld (sûnt 1 jannewaris 1971)
  • Niederprüm (sûnt 7 juny 1969)
  • Steinmehlen (sûnt 1 jannewaris 1974)
  • Weinsfeld (sûnt 1 jannewaris 1973)

De stêd Prüm is te ferdielen yn fjouwer Ortsteile:

  • Kalvarienberg
  • Tafel
  • Walcherath
  • Wirbelscheid

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It benediktynske kleaster waard yn 1794 mei de Frânske besetting fan it Rynlân opheft. Sûnt 1802 is de abdijtsjerke de parochytsjerke fan Prüm, dy't yn 1950 de status fan basilyk krige. Yn 'e tsjerke leit ek keizer Lotarius I begroeven, fan wa't it bonkerak yn 'e 19e iuw werom fûn waard ûnder it heechalter. De tsjerke is ryk oan reliken. It bekendst binne de Sandalen fan Kristus. Fierder besit de tsjerke ek reliken fan de Hillige Trije Dokters en ier-kristlike martlers.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Prüm