Springe nei ynhâld

Katwyk-Noard

Ut Wikipedy
Katwyk-Noard
Katwijk-Noord
Flats yn Katwyk-Noard
Flats yn Katwyk-Noard
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
Gemeente Katwyk
Sifers
Ynwennertal 13.330 (2022)[1]
Oar
Postkoade 2221
Netnûmer 071
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 13' NB 4° 25' EL
Kaart
Katwyk-Noard (Súd-Hollân)
Katwyk-Noard

Katwyk-Noard (Katwijk-Noord) is ien fan de offisjele kearnen yn de gemeente Katwyk yn 'e Nederlânske provinsje Súd-Hollân. It plak hat likernôch 13.330 ynwenners.

Katwyk-Noard is de noardlikste kearn fan 'e gemeente Katwyk. De gemeente beskôget it as de fyfde kearn fan 'e gemeente. Ear't de kearn de namme Katwyk-Noard krige, foel er ûnder it plak Katwyk oan See en hiet Hoornes-Rijnsoever, besteande út 'e nei-oarlochske wiken Hoornes en Steenoven, Riinsoever-West en Rijnsoever-East, yndustrygebiet 't Heen en de nijbouwyk Park-Rijnsoever.

Rijnsoever wie foar de oanbou noch bolle- en lânbougebiet fan de gemeente Noardwyk oant it yn de 1970-er jierren troch Katwyk anneksearre en folboud waard. Oant 1965 wie Hoornes in eardere polder.

Katwyk-Noard leit tusken de Alde Ryn en it terrein fan de ESTEC, it ûndersykssintrum fan de ESA. Hoornes bestiet út nei-oarlochske heechbou, wêrûnder trije toerflats. Rijnsoever dêrfoaroer is in grien wyk mei grûnbûn wenten. De provinsjale wei N206 rint troch it plak dêr't yndustrygebiet 't Heen eastlik fan leit.

Yn Katwyk-Noard binne twa tsjerken fan 'e herfoarme gemeente Katwyk oan See.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Gemeente Katwyk
Kearnen: FalkenburchKatwyk-NoardKatwyk oan de Ryn (haadplak) • Katwyk oan SeeRynsburch
· · Berjocht bewurkje