Springe nei ynhâld

Falkenburch (Súd-Hollân)

Ut Wikipedy
Falkenburch
Valkenburg
Falkenburch fan de Alde yn ôf sjoen
Falkenburch fan de Alde yn ôf sjoen
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
Gemeente Katwyk
Sifers
Ynwennertal 6.275 (2023)[1]
Oerflak 5,76 km² (4,96 km² lân, 0,8 km² wetter)
Befolkingsticht. 1.089 ynw. /km²
Oar
Postkoade 2235
Netnûmer 071
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 11' NB 4° 26' EL
Offisjele webside
http://www.valkenburgzh.nl/
Kaart
Falkenburch (Súd-Hollân)
Falkenburch

Falkenburch (Nederlânsk: Valkenburg) is ien fan de fiif offisjel kearnen yn 'e gemeente Katwyk yn 'e Nederlânske provinsje Súd-Hollân. It plak oan 'e Alde Ryn hat likernôch 6.275 ynwenners. Falkenburch is in eardere gemeente dy't op 1 jannewaris 2006 mank mei Rynsburch en Katwyk ta de nije gemeente Katwyk, mei goed 60.000 ynwenners, fusearre.

De namme is in gearstalling fan "burch" (fersterke plak, boarch) en valcana, genityf meartal fan de fûgelnamme falk, en betsjut dus boarch fan de falken. Yn Falkenburch binne oerbliuwsels fan Romeinske nôtskuorren út 'e 4e iuw weromfûn. Nei de Romeinske tiid lykje Romeinske fersterkings, of it pún dêrfan oantsjut te wurden mei in namme mei útgong "burch", lykas yn Ingelân it gefal is. Falkenburch soe dêr in foarbyld fan wêze.[2]

Kaart fan Falkenburch út 1627

Yn 'e Romeinske tiid lei op it plak fan Falkenburch it Romeinske castellum Praetorium Agrippinae. It wie in fersterking oan 'e Nedergermaanske limes en foarme in tuskenstop op de wei fan Lugdunum Batavorum (Katwyk) nei Matilo (Leien-Roomburch)

It hjoeddeistige Falkenburch ûntstie út it midsiuwske ambacht Falkenburch-Katwyk dat him oan 'e súdkant fan 'e Alde Ryn oant de Noardsee rûn. It wie de âldste fan de trije doarpen yn 'e ambacht, dêr't de oaren Katwyk oan de Ryn en Katwyk oan See fan wiene. Oarspronklik wie de ambacht part fan it bisdom Utert, yn 'e 12e iuw gie it oer nei de greven fan Hollân, dêr't it part fan 'e baljuwskip Rynlân fan wie.

De legere bestjoersfunksjes, mei rjochtspraak en wettersteat ynbegrepen, waarden troch de greve yn lien jûn, dêr't Falkenburch in ambachtshearlikheid mei waard. Dat moast om ende by 1317 bard wêze. Om 1460 hinne krige de ambachtshear heger gesach dêr't Falkenburch in hege hearlikheid troch waard, winliken in selsstannich baljuwskip.

Delstoarte Dútske fleantugen op fleankamp Falkenburch, maaie 1940

Yn 1615 waard Falkenburch troch de doetiidske frijhear ferkocht, dochs Katwyk net, itjinge late ta in spjalting fan de hege hearlikheid. Falkenburch waard in selsstannige hege hearlikheid en Katwyk waard mei de hege hearlikheid 't Sandt gearfoege, dat oan 'e oare kant fan 'e Alde Ryn lei.

De hege hearlikheden waarden nei de Bataafske Revolúsje yn 1795 opheft en de ambachten waarden omfoarme ta gemeenten. Yn 1798 ferdwûnen de lêste oerbliuwsels fan de hege hearlikheid en doe waard Falkenburch in gemeente yn it gebiet mei de grinzen fan de ôfspjalting yn 1615. Yn 'e Frânske tiid moasten gemeenten op syn minst 500 ynwenners hawwe en waarden Katwyk, Falkenburch en 't Zandt gearfoege om yn 1817 wer op te brekken.

Yn maaie 1940 besochten de Dútsers it Fleankamp Falkenburch te brûken by de ynfal yn Nederlân, mar de swiere fleantugen bleaune stykjen yn 'e noch net dienmakke lâningsstripe. De Dútsers ferskânzen harren yn it doarp dat foar it grutste part skeind waard troch sjitterijen. Dêrtroch kaam it foardie dat der yn it doarp in wiidweidich argeologysk ûndersyk útfierd wurde koe, dêr't de Romeinske fûneminten troch yn kaart brocht wurde koene.

It Fleankamp Falkenburch krige yn 2013 in oare bestimming. Der wurdt in nij wenwyk boud, Valkerhorst, dat neffens de gemeente Katwyk de sechsde kearn wurde sil.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De oerbliuwsels fan de Romeinske fersterking Praetorium Agrippinae binne bleatlein.
  • Fleankamp Falkenburch, is it eardere marine-fleanfjild dat n 2006 sletten warad. Yn ien fan de hangars fan it eardere fleanfjild wurdt sûnt 30 oktober 2010 de musical Soldaat van Oranje útfierd.
  • Steamtrein Falkenburch Leien
  • Falkenburchske Mar
  • De âldste hynstemerk fan Nederlân wurdt alle jierren de twadde woansdeis yn septimber holden mei byhearrende merke.
  • Elektrysk oandreaune foetfearpont Rijn Valk oer de Alde Ryn

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. CBS:Statline
  2. G. van Berkel, K. Samplonius, Nederlandse plaatsnamen verklaard. etymologybank.nl (2018).
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Valkenburg (Zuid-Holland) fan Wikimedia Commons.
Gemeente Katwyk
Kearnen: FalkenburchKatwyk-NoardKatwyk oan de Ryn (haadplak) • Katwyk oan SeeRynsburch
· · Berjocht bewurkje