Springe nei ynhâld

Lien

Ut Wikipedy

In lien is in fûns of beurs om 'minfermogende jongelju mei talint' yn de gelegenheid te stellen in oplieding te folgjen. Guon fan dy lienen komme út de foar-Reformatoaryske tiid. Se binne meast ta stân kommen troch testamintêre beskikkings. De organisaasje fan sokke lienen en beurzen is frijwat ferskillend. Der is sprake fan 'kolatoaren dy't in pinsje jouwe'. In diel fan de beurzen is bedoeld foar neiteam fan de stifter fan it lien. Der besteane boekjes mei stambeammen fan dizze famyljes.

De saneamde Frije Lienen binne net oan famyljes bûn. By de measte lienen en beurzen leit it tafersjoch by Boargemaster en Wethâlders of by Provinsjale Steaten. Nei skatting besteane de lienen en beurzen fan Fryslân út rinte en hier mei-elkoar sawat út f 150.000 jiers. Omdat de finansjele mooglikheden om te studearjen tsjintwurdich folle rommer binne en de beurzen faak ferâldere bepalings hawwe, hawwe guon bejeftigers problemen om in studint dy't help nedich hat, te finen. Der waard wol oer prakkesearre om sokke beurzen beskikber te stellen foar de Tredde Wrâld. By de famyljelienen is dit sa goed as ûnmooglik, omdat de betingsten foar stipe by testamint fêstlein binne foar bepaalde famyljes. Dêrneist wurde de frije lienen tsjintwurdich wol brûkt foar stipe oan studearjenden dy't om hokfoar reden ek net binnen de noarmen foar de normale stúdzjestipe falle. Yn de Provinsjale Almenak stiet in list fan de beurzen en lienen fan Fryslân lykas it Sint-Geertruideslien.