Praetorium Agrippinae
Praetorium Agrippinae | ||
Praetorium Agrippinae lofts op de Tabula Peuteringiana | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
plak | Falkenburch | |
koördinaten | 52° 10' 50" NB 4° 26' 1" EL | |
lânkaart | ||
Praetorium Agrippinae wie in Romeinske delsetting yn de provinsje Neder-Germaanje (Germania Inferior), yn it hjoeddeistige Falkenburch yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. It plak bestie út in grinsfersterking (castellum) oan de Alde Ryn, doetiids de haadrivier fan de Ryn, dy't de noardgrins fan it Romeinske Ryk farme, de saneamde limes (Latyn foar "grins"). Praetoria Agrippinae stiet op de Peutingerkaart (Tabula Peuteringiana tusken Matilo (hjoed-de-dei Leien-Roomburch en Lugdunum Batavorum (Katwyk). It ûndersochte castellum is de bêst dokumintearre fersterking bylâns de limes yn Nederlân, om't de Romeinske oerbliuwsels goed bewarre bleaun binne.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Castellum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In praetorium wie in militêr haadkertier, en Praetorium Agrippinae krige syn namme fan de mem fan keizer Kaligula, Vipsanias Agrippina, dy't yn 33 n.Kr. ferstoar. It is sa goed as wis dat Kaligula yn 'e omkriten ferbleau yn 39 of 40 n.Kr. nei't in wynfet út syn persoanlike wyngerts weromfûn waard by opgravings yn Falkenburch. Nei alle gedachten besocht er it gebiet ta tarieding fan in nea útfierde ynvaazje fan Britannia, en it castellum kin foar dy operaaskje oprjochte wêze.
It fort waard boud yn it hjoedeistige sintrum fan Falkenburch en waard ynearsten troch in ierden wâl mei palissaden en trije grêften fersterke. Ynearsten wiene twa manipels ynfantery (320 soldaten) en twa turmae (60 manlju) kavalery fan it Cohors III Gallorum Equitata yn it fort legere. Nei de Bataafske Opstân yn 69 n.Kr., doe't de pleatslike stammen it fort platbaarnd hawwe, waard de folsleine Cohors IV Thracum dêrhinne oerbroct. Om 180 n.Kr. hinne fergrutten de Romeinen it fort en bouden se it yn stien. Yn totaal binne der sân boufazen te ûnderskieden.
Lykas alle oare forten oan de Nederlânske limes, waard Falkenburch ferlitten nei it ynstoarten fan 'e Romeinske grinsferdigening om 275 n.Kr. hinne. Falkenburch is lykwols ien fan mar in bytsje castella dêr't bewiis foar let-Romeinske bou-aktiviteiten fûn waarden. By it bewâld fan Konstantius Kloarus waard dêr in nôtskuorre boud foar it ferskipjen fan nôt nei Britannia.
Vicus
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Súdeastlik fan it fort ûntjoech him in grutte boargerlike delsetting (vicus) dy't oer likernôch 1 km by de via militaris del rûn. It waard tusken 70 en 240 n.Kr. bewenne. Argeologysk ûndersyk hawwe wenferbliuwen, opslachplakken en nôtskuorren en mooglik in badhûs bleatlein. Der waard ek in grut begraafplak fûn mei mear as 700 grêven. Tusken 70 en 110 n.Kr. wie dêr ek in lyts militêr kampemint (mini castellum).
Oerbliuwsels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In part fan de fynsten is te sjen yn de Torenmuseum yn Falkenburch. Op it sintrale plain fan de stêd, it Castellumplein, binne de kontoeren fan it fort sichtber makke mei brûnzen stippen yn 'e strjitfluorring. Ek de fundearrings fan ien fan 'e poarten fan it fort binne rekonstruearre. Bûten de stêd, oan de N206, is in rekonstruksje fan de militêre dyk te sjen.
Opgravings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Falkenburch is ien fan de bêst opgroeven Romeinske fynplakken yn Nederlân. It ûndersyk sette yn 1875 útein, mar de wichtichste opgravings wiene tsuken 1941 en 1953 ûnder lieding fan Albert Egges van Giffen. Dy opgravings leveren grutte hoemannichten fynsten op en om't de oerbliuwsels fan it castellum ûnder grûnwetternivo fûn waarden, wiene se tige goed bewarre bleaun en befetten se in botte organyske resten, lykas libbensmiddels, bonken, lear en tou. Dat makke in detaillearre rekonstruksje fan de Romeinske boupraktiken en itensgewoanten mooglik.
Yn 'e 1970-er en 1980-er jierren waarden fierdere opgravings dien yn it gebiet fan de vicus. In resinte weranalyse liet sjen dat de huzen dêr boud waarden yn smelle rjochthoekige perselen, leadrjocht op de militêre dyk.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) PRAGRIS (PRaetorium AGrippinae Roman Information Site) - Digitalisearre ynformaasje oer de opgravings fan Van Giffen.
- (in) Livius.org: Praetorium Agrippinae (Falkenburch)
- Romeinse Kust: Voorlopig ten einde: de queeste naar bewoning op Valkenburg (ZH) De Woerd ...
- Torenmuseum Valkenburg
- Timetravel Praetorium Agrippinae
Literatuur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- A.E. De Hingh, W.K. Vos 2005: Romeinen in Valkenburg (ZH), de opgravingsgeschiedenis en het archeologische onderzoek van Praetorium Agrippinae, Leien.
- W.K. Vos, E. van der Linden, B. Voormolen 2012: Romeinen op De Woerd, Reconstructie van een woonwijk op grond van een vergeten opgraving in Valkenburg (ZH), Leien.
- W.K. Vos, E. Blom, B. Cornelisse, L. van der Feijst, J. Loopik, A. Tol, 2020: De castra van Valkenburg (Zuid-Holland). Een onverwacht legioenskamp uit de vroeg-Romeinse tijd, Archeologie in Nederland 2020/4, 2-11.(digitaal)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen, sjoch Bronnen, noten en/of referenties op dizze side |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Praetorium Agrippinae fan Wikimedia Commons. |