Springe nei ynhâld

Brittanje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Britannia)

Brittanje (Latyn Britannia) wie de namme fan de Romeinske provinsje dy't it lettere Ingelân en Wales omfettet. De wichtichste stêd wie Londinium, (tsjintwurdich Londen).

Oermastering troch de Romeinen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oermastering fan Brittanje begûn mei keizer Klaudius yn 43, mar de Britten bleaunen noch in skoft opstannich. Ferneamd wie de opstân fan Boudicca yn 60-61. De Romeinen teagen ûnder Agrikola fierder nei Skotlân, mar út it noarden wei bleau it ferset fan de Pikten. Dêrom bouden de Romeinen twa ferdigeningsmuorren: De muorre fan Hadrianus en de muorre fan Antoninus Pius.

Brittanje hat in skoft ûnderdiel fan it Galyske keizerryk west (260-274), en in stikmannich jier letter (287) wie de súksesfolle generaal Karausius baas yn Brittanje. Hy waard lykwols fermoarde en syn opfolger, Allektus, waard ferslein troch keizer Konstantius I, sadat yn 296 Britanje wer in diel fan it Romeinske Ryk wie.

Romeinsk Britannia mei de wichtichste diken en stêden

Healwei de 3e iuw waarden de measte stêden fan stiennen muorren en ferdedigingswurken foarsjoen. Utsein Londinium wienen de stêden oer it generaal net grut.

Yn 306 kaam Konstantius him wêrom nei Brittanje. Hy hie te krijen mei ynfallen en fersloech de Pikten. Mar dêrnei stoar hy hommels doe't er yn York wie. Syn soan Konstantyn waard troch syn troepen as syn opfolger útroppen. Dêrnei folge in rite fan ynterne striid, wêryn't Konstantyn as keizer oerbleau.

Dy perioade wie foar Brittanje in perioade fan grutte bloei, dy't it grutste part fan de 4e iuw trochgean bliuwe soe. Der waard yn dizze perioade in soad boud en op tal fan plakken ferskynden grutte partikuliere huzen.

Healwei it midden fan de iuw waard de sitewaasje lykwols minder en waard Brittanje fan ferskate kanten oanfallen troch Pikten, Skotten, Attakotty, Saksen en Franken. Dy swiere oanfallen barden tusken 364 en 367 en wurde de barbaria conspiratio neamd. Theodosius de âldere (de heit fan de lettere keizer Theodosius I kaam yn 368 nei Brittanje mei in grut ekspedysjeleger om de oarder weromkomme te litten.

Yn 383 waard generaal Magnus Maksimus troch it leger yn Brittanje as keizer útroppen. Maksimus hie mei Theodosius de âldere yn Brittanje op fjildtocht west, en hie sels in stikmannich oerwinnings helle. Hy stuts mei in grut diel fan syn troepen oer nei Galje om syn machtsgebiet út te wreidzjen. Neidat in grut diel fan de troepen werom gong waard Brittanje wer oanfallen. Mar yn 388 nei it ferstjerren fan Maksimus kaam de rêst op werom. Pas yn 398 kaam der wer in grutte oanfal fan de Pikten.

De ein fan de Romeinske hearskippij

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 402 waard troch Stilicho in grut part fan de troepemacht út Brittanje weihelle omdat it earne oars yn it ryk better ynsetten wurde koe. Germaanske folken as de Alanen, Fandalen en Sueben makken tankber gebrûk fan de sitewaasje en foelen Galje oan. Oare legerûnderdielen yn Britanje kamen dêrby yn opstân. Ut harren fermidden waarden achterinoar ta keizer útroppen Markus, Gratianus en Konstantyn. De earste twa bleaune mar koart oan it bewâld, mar yn 407 ûnder Konstantyn stuts sawat it hiele Romeinske leger it Kanaal oer nei Galje. Konstantyn waard nei in stikmannich jierren fan in protte striid (tsjin ynfallers, tsjin keizer Honoarius en tjin oare opstannelings en troanpretindinten) úteinlik yn 411 ferslein en deade. Yn 410 wiene der yn Brittanje gjin Romeinske soldaten mear en der soenen ek gjin troepen mear hinne stjoerd wurde.