Springe nei ynhâld

Falkenburchske Mar

Ut Wikipedy

De Falkenburchske Mar (Nederlânsk: Valkenburgse Meer) is in rekreaasjedobbe en sânwinningslokaasje tichteby Falkenburch en by it Fleankamp Falkenburch lâns yn de Nederlânske gemeente Katwijk.

De mar is yn de jierren 1950 ûntstien troch sânwinning foar it produsearjen fan kalksânstien foar de bou. It Nasjonaal Smelspoarmuseum is dêr fêstige en der kin in ritsje de mar by del makke wurde mei in steamtram.

De Falkenburchske Mar en neiste omkriten hawwe in rekreätive funksje en binne ek in wichtich natuergebiet. De mar en de greiden rûnom binne in wichtige biotoop en pleisterplak foar ferskate soarten einen, guozzen, greidefûgels en trekfûgels, lykas de Toefert, de Kanadeeske goes en de ljip. Yn oktober sammelje op, de frijwillich beskerme, greide bytiden wol tûzen ljippen foar de trek nei it suden.

Troch de weiferbreding fan de oanbuorjende Rijnlandroute yn 2014 sil it dúnpoldergebiet mear ferkeerslawaai en utlitgassen te ferduorjen ha.