Springe nei ynhâld

Toefein

Ut Wikipedy
toefein

mantsje (boppe) en wyfke (ûnder)
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai jollingen (Aythya)
soarte
Aythya fuligula
Linnaeus, 1758
IUCN-status: gefoelich
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

     trochtrekker
     dwaalgast


De toefein (wittenskiplik: Aythya fuligula) is in fûgel út de famylje fan de einfûgels. De toefein wurdt ek wol toefein, kamdûker, topein en túfke-ein neamd.

In folwoeksen toefein is likernôch 45 sm grut en dermei like grut as de jolling. De fûgel hat syn namme te tankjen oan de túf dy't sawol it mantsje as it wyfke hawwe. It mantsje is meast swart mei in lange hingjende toefe op 'e kop, fierder hat er in wite búk en in ljochtblaue snaffel. It wyfke sit net sa opfallend yn de fearren, sy is meast brún en hat mar in koart toefke.

De toefeinen komme yn in grut part fan Jeropa foar. Yn West-Jeropa komme de fûgels meast it hiele jier foar. De fûgels út Skandinaavje en East-Jeropa binne meast trekfûgels dy't de winter oan de Middellânske See en de Swarte See trochbringe.

De toefein yt it meast moksels en ynsekten, dy't hy troch ûnder wetter te dúken fangt. Hy dûkt dêrby oant sa'n twa meter djip.

Aaien fan 'e toefein.

It nêst fan de toefein is soms in bulte wetterplanten, mar faak wurdt oan de wetterkant in nêst ûnder de strûken makke. De 7-10 aaien wurde yn sa'n trije en heale wike útbred.