Springe nei ynhâld

Noardwyksk

Ut Wikipedy
Noardwyksk
algemien
eigen namme Noortuks/Noortek
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers net bekend
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Nederlânsk
              ● Hollânsk
                ● Súdhollânsk
                  ●Noardwyksk

It Noardwyksk (eigennamme Noortuks of Noorteks) is it Súdhollânsk dialekt fan it doarp Noardwyk oan See dy't in soad op it Katwyksk liket en yn mindere mjitte ek op it Skeveningsk en Zandvoortsk, dy't allegear beflapt wurde ûnder it saneamde Strânhollânsk, en dy't harren hiel dúdlik fan it Standertnederlânsk en de dialekten yn 'e omkriten ûnderskiede. Dy dialekten binne de Súdhollânske dialekten dy't it minst troch de Standerttaal beynfloede binne.

Lykas yn hiel Hollân waard yn Noardwyk yn it ferline Frysk sprutsen. Yn 'e rin fan de 11e oant 13e iuw rekke Súd-Hollân ûntfryske. It Nederfrankysk ferkrong it Frysk, mar dêr bleau ynearsten in sterke Fryske substraat efter. Ut dat Nederfrankysk ûntjoech him it Hollânsk. Oan 'e ein fan de midsiuwen kamen ynfloeden út 'e súdlike Nederlânske gewesten, lykas Flaanderen en Brabân, dy't grutte politike en ekonomyske macht hiene. Harren spraak hie grutte ynfloed op it Súdhollânsk. De lange ij en ui, dy't foarhinne net yn 't Hollânsk foarkaam, waard troch it Hollânsk fan it Brabânsk oernommen. Doe't yn 'e Renêssânse en benammen yn 'e Tachtichjierrige Kriich tsientûzenen Flamingen en Brabanners nei Hollân ta flechten, hie dat in grutte ynfloed, benammen yn de stêden. Dêr ûntstie stadichoan it Standertnederlânsk. In stikmannich gebieten, lykas Noardwyk oan See, dy't frij isolearre fan it efterlân ôf leine, wie dy ynfloed folle minder. De Fryske substraat bleau yn 'e fiskersplakken folle sterker en bleau folle langer hingjen. De Standerttaal krige stadichoan folle mear ynfloed yn it binnenlân en dus ek yn Noardwyk-Binnen, dat justjes ynlânsk lei fan Noardwyk oan See.

It lûd komt yn Noardwyk in soad oerien mei dy fan it Katwyksk. It alâlde dûbellûd ie en oa is dêr bewarre bleaun, lykas yn it Frysk it gefal is. Sa wurdt bien (bien, foet) kreksa útsprutsen as yn 't Frysk en groat (grut) lykas yn it Stedfrysk, mar sûnde hurde g. De ee yn it Nederlânsk wurdt gauris ferbûgd ta eu, lykas feul (ndl: veel - folle) en zeuven (ndl. zeven - sân). De Standertnederlânske aa wurdt yn it Noardwyksk as ae útsprutsen, dochs minder as yn it Katwyksk. Yn in soad gefallen wurdt it û-lûd as ou útsprutsen, lykas brouk (broek), vlouken (ndl: vloeken - flokke). In koarte a wurdt gauris as o, lykas yn "kat" yn 't Frysk, útsprutsen. In foarbyld is of'eskeijene in "ôfskiedene" (ndl: afgescheidene), in grifformeard persoan. De h wurdt yn it Noardwyksk fuortlitten, wylst yn guon gefallen foar in bylûd de h wer taheakke wurdt, faaks as hyperkorreksje. De Standertnederlânske kluster sch is yn 't Noardwyksk, allyk yn 't Katwyksk en lykas yn 't Frysk sk. Dat ferskynsel komt fierder yn Súd-Hollân allang net mear foar. Itselde jildt foar de bilabiale w (mei twa lippen útsprutsen), lykas syn 't Ingelsk en Aldfrysk. Dy w kaam oarspronklik yn 't Hollânsk foar, mar is bewarre bleaun yn 't Noardwyksk, Katwyksk, Zandvoortsk en Egmondsk.

In njoggentjinde iuwsk foarbyld fan it Noardwyksk is werom te finen yn Johan Winkler yn syn Algemeen Nederduitsch en Friesch dialecticon dêr't Winkler de oerienkomst tusken it Noardwyksk en it Frysk yn beneidrukt.[1] It hiele Hollânsk like eartiids folle mear op it Frysk troch de Fryske substraat, mar ûnder Nederfrankyske ynfloed feroare waard. It Noardwyksk hat, lykas de oare Strânhollânske farianten dy skaaimerken beholden.

De grammatika fan 't Noardwyksk liket fierders op dy fan oare Hollânske dialekten. It meast nijsgjirrige ferskynsel is it mulwurd dat mei e-, foar it Nederlânske ge- oer, begjint: ewerkt (wurke), edaen dien). Ek dat komt yn 'e katwyksk foar en eartiids ek yn in soad Hollânske dialekten.

Taalbehâld en kultivaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne gjin sifers beskikber hoefolle Noardwikers har dialekt prate. Om't yn Noardwyk al rillegau minsken om utens nei wenjen set hiene, is it lykwols oannimlik dat it dialekt dêr fierder yn it neigean is as yn Katwyk. Oars as it Katwyksk wurdt it dialekt amper yn stân holden. Offisjele wurdboeken binne der net, der is mar ien in net-hifke webstee mei in list fan Noardwykske wurden.[2]

Der binne guon wurden dy't foar de measte Noardwikers werom te kenne binne. Sa wurdt bygelyks it wurd keun (grappich, moai) noch in soad brûkt. Neffens Van Bree is it besibbe oan it Westfryske kuin (grutsk). Ek it wurd klucht (hichte, skeante) wurdt noch brûkt, itjinge ek yn it Westfysk brûkt wurdt en besibbe is oan it Fryske "kluft".[3] Yn it Noardwyksk hat it wurd de Hollânske ft-cht-lûdferskwowing ûndergien.

De plaknamme sels wurdt as Noortuk oantsjut, en de ynwenners as Noortukkers. Noardwyk oan See wurdt oantsjut as Noortuk op Zee, dat tichteby de midsiuwske oantsjutting Nortich op Zee leit. De bûlevaar wurdt De Wurft, in namme dy't weromgiet oant de 17e iuw, en besibbe is oan it wurd werf. Inlytse binnenplak of eftertún wurdt dam of dammetje neamd. Yn de 19e iuw waard dam brûkt foar de miene binnenplak fan fiskerswenten.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Algemeen Nederduitsch en Friesch dialecticon. Deel 2, Martinus Nijhof, De Haach, 1874 (digitaal te sjen by dbnl.org)
  2. Mijnwoordenboek
  3. Wurdboek Fryske Taal
  • Cor van Bree: Taal in stad en land: Zuid-Hollands, De Haach 2004