Springe nei ynhâld

Huis ter Duin

Ut Wikipedy
Huis ter Duin
bouwurk
Huis ter Duin út 'e Noardsee wei
Huis ter Duin út 'e Noardsee wei
lokaasje
lân Nederlân
plak Noardwyk oan See
adres Koningin Astridboulevard 5
koördinaten 52° 14' 29" NB 4° 25' 41" EL
bysûnderheden
type bouwurk hotel
oare ynformaasje
tal ferdjippings 11
tal keamers 254[1]
tal restaurants: 3[2]
tal barren: 2
offisjele webside
https://huisterduin.com
kaart
Huis ter Duin (Súd-Hollân)
Huis ter Duin

Grand Hotel Huis ter Duin ([[hœys tər ˈdœyn]?) is in strânhotel en konferinsjesintrum yn Noardwyk oan See yn 'e Nederlânske provinsje Súd-Hollân oan it Noardseestrân. It hotel leit tusken de Koningin Wilhelminaboulevard en Koningin Astridboulevard yn. It hotel waard yn 1885 as earste iepene foar toeristen en joech dêrmei de grûnslach foar it ûntjaan fan Noardwyk as ferneamd baaiplak. It hotel hat in eigen helikopterhaven.

Op de earste ferdjippping is it Restaurant Latour fêstige dat trochgeand sûnt 2005 in Michelinstjer hat.

Huis ter Duin yn 1902
Huis ter Duin om 1930 hinne

Heinrich Tappenbeck kocht Huis ter Duin yn 1887 fan de gemeente Noardwyk. Tappenbeck sette fuortendaliks útein en pak de saken ynternasjonaal oan. Hy advertearre oer de goede berikberheid (mei steamtram) en de goede ferbinings mei grutte stêden lykas Amsterdam en Leien. Hy keas blêden út dêr't er yn advertearre, benammen dy't troch sakelju en eallju lêzen waarden. Dêrtroch krige Huis ter Duin ein 19e iuw grutte bekendheid yn binnen- en bûtenlân, benammen by de gegoeden. Sûnt de 1970-er jierren is it hotel yn eigendom fan 'e famylje Noorlander.[3]


Huis ter Duin hat him altyd rjochte op gegoede toeristen. Sa útfanhuzen bygelyks gauris de keninklike famyljes fan Nederlân en Belgje. Oare gasten wiene prinsesse Gracia fan Monako, skriuwer Thomas Mann en filmstjerren Elizabeth Taylor en Richard Burton. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard it hotel troch de Dútsers foardere foar it ûnderbringen fan legeroffisieren. Dat barren waard letter brûkt yn de film Soldaat van Oranje, dy't foar in part yn en om it hotel hinne filme waard.

By de stoarm fan 25 jannewaris 1990 rekke in grut part fan it hotel troch brân ferwoastge, dêr't trije brânwachtlju by om it libben kamen.[4][5] Huis ter Duin waard dêrnei fannijs weropboud en grutter makke. It is hjoed-de-dei in fiifstjerrehotel mei 254 keamers, 20 suites, fjouwer penthouses, 19 konferinsjeromten, in bar, lounge en trije restaurants. Ek is it hotel hjoed-de-dei ferneamd troch it Nederlânsk fuotbalalvetal, dat dêr gauris útfanhuze. Bûnscoach Rinus Michels frege de eigner doe't it KNVB-sintrum yn Seist ferboud waard. Sûnt bleau Oranje dêr 30 jier lang kommen.

Yn july 2014 waard de film Bloed, zweet & tranen oer it libben fan folkssjonger André Hazes yn it hotel filme. Dêrnei wurde der gauris soaps en oare programma's filme.

Guon ferneamde gasten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Grand Hotel Huis ter Duin
Foarkant fan it hotel
Huis ter Duin fan it strân ôf sjoen

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tal keamers Huis ter Duin
  2. restaurants en barren
  3. Boarne: Willem H. Nanninga, 100 JAAR HUIS TER DUIN
  4. Brand hotel Huis ter Duin te Noordwijk 1990 webside Ynstitút Fysike Feiligens. Argivearre op 26 jannewaris 2021.
  5. Verslag van het onderzoek naar de brand op 25 januari 1990 in Hotel Huis ter Duin te Noordwijk Ministearje fan Ynlânske Saken, juny 1990. Argivearre op 25 febrewaris 2021.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Huis ter Duin, Noordwijk fan Wikimedia Commons.