Springe nei ynhâld

Mauritshûs

Ut Wikipedy
It Mauritshûs
Mauritshuis
  museum
It Mauritshûs
It Mauritshûs
Emblemen
Logo Mauritshûs
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Súd-Hollân
gemeente Flagge fan De Haach De Haach
plak Flagge fan De Haach De Haach
adres Plein 29
koördinaten 52° 5' NB, 4° 19' EL
Algemiene gegevens
ferneamd nei Johan Maurits fan Nassau-Siegen
type keunstmuseum
wurkmêd Paleis
oprjochting 1822
Arsjitektuer
namme gebou Mauritshûs
arsjitekt Jacob van Campen,
Pieter Post
boujier 1644
monumint. status Ryksmonumint
monumintnûmer 17650
Offisjele webside
mauritshuis.nl
Kaart
Mauritshûs (De Haach-Binnenstêd)
Mauritshûs
Lokaasje yn De Haach

It Mauritshûs is in ryksmuseum yn De Haach mei benammen skilderijen út de Gouden Iuw. Der hingje ek inkele topwurken út de 18e iuw. It wyls privatisearre en relatyf lytse museum hat in wrâldferneamde samling fan totaal 800 skilderijen, dy't yn it bysûndere ynterieur goed ta harren rjocht komme. De arsjitektuer fan it gebou is faak neifolge. It gebou oan de Hoffiver is eigendom fan de Steat (Ryksgebouwetsjinst) en heart ta de Top 100 fan de Nederlânske UNESCO-monuminten.

It stedspaleis is tusken 1633 en 1644 boud troch Jacob van Campen en Pieter Post yn klassisistyske boustyl. De opdrachtjouwer of bouhear wie greve Johan Maurits fan Nassau-Siegen, eartiids gûverneur-generaal fan Nederlânsk-Brazylje.

It fjouwerkante gebou stiet op in hege sokkel. De gevel fan it gebou hat in kroanlist droegen troch Ioanyske pylders mei de bekende krol yn it kapiteel. It ynswinke dak en it brûken fan bakstien is typysk Hollânsk. Trochdat it fan natoerstien oplutsen middengedielte wat útstekt (in saneamde risalyt), liket it gebou op in Romeinske timpel. Dy boustyl is faak brûkt troch oanhingers fan humanistyske idealen.

Sûnt 1685 wie it Mauritshûs in Hotel fan Steat: hege gasten fan de Steaten-Generaal fan de Nederlannen waarden der ûnderbrocht. Yn 1704 waard it Mauritshûs troch brân swier skansearre. De werbou waard foltôge yn 1720. Op de begeane grûn is noch wat fan de gloarje fan de gouden feestseal werom te sjen.

In 2007 makke it museum bekend dat it útwreidzje woe. Dêrom woe it museum in part fan 'Soasjeteit de Witte' brûke. Under de Korte Vijverberg soe in ferbining tusken de twa gebouwen makke wurde kinne. Op 22 juny 2010 waard in foarlopich ûntwerp presintearre, yn septimber fan itselde jier moast it definitive ûntwerp klear wêze. Begjin 2012 starte de wurksumheden oan it plein, yn it twadde fearnsjier fan 2010 begjint de renovaasje an it Mauritshûs sels. It museum sil mids 2014 fannijs iepene wurde.

As museum bestiet het Mauritshûs sûnt 1822, it hiet doe noch Keninklik Kabinet. De earste direkteur wie Johan Steengracht van Oostcapelle. it museum begûn mei 200 skilderijen, in geskink fan kening Willem I.

Bekende wurken yn it Mauritshûs

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Mauritshuis fan Wikimedia Commons.