Radio Oranje
Radio Oranje, "De stim fan stridend Nederlân", wie in radioprogramma fan it Nederlânsk regear yn de ferballing yn Londen yn de Twadde Wrâldkriich. It programma duorre in kertier, letter in heal oere, en waard om 9 oere jûns útsjoerd troch de Jeropeeske Tsjinst fan de BBC yn Londen. Ut namme fan it regear wie de BBC hifke troch it haad fan de Foarljochtingstsjinst fan it Regear, Adriaan Pelt.
De earste útstjoering wie op 28 july 1940, en waard fold troch Keninginne Wilhelmina. Hja brûkte dat programma 34 kear om it Nederlânske folk te bemoedigjen. Har sintsje "Slaat den Mof op zijn kop" is ferneamd bleaun. Wilhelmina hat ek in pear kear stipe frege foar har joadske ûnderdienigen, mar guonts fine dat hja dat faker en krêftiger dwaan moatten hie. Itselde waard minister-presidint Pieter Sjoerds Gerbrandy ferwiten.
Yn juny 1942 warskôge Radio Oranje om gjin Joadske eigendommen te keapjen, want dat soe nei de befrijding as heeljen beskôge wurde.
De iepeningstoan fan it programma wie it geuzeliet In naam van Oranje doe open de poort. Bekende meidoggers wienen Loe de Jong, Jan de Hartog, H.J. van den Broek en A. den Doolaard. Ut en troch kaam in lid fan it regear foar de mikrofoan. Anne Frank fernijt yn har deiboek dat hja minister Gerrit Bolkestein foar Radio Oranje heard hienen. Yn it kabaretprogramma De Watergeus song Jetty Paerl, 'Jetje fan Radio Oranje'. Der waarden fierders koadearre berjochten foar it Nederlânsk ferset útstjoerd.
De Nederlanners moasten stikem lústerje omdat it harkjen nei de Ingelske radio ferbearn wie en alle radio's ynlevere wurde moasten.
Ut in promoasjeûndersyk fan de histoarikus Onno Sinke docht bliken dat de stjoerder ferset yn de die tsjin de Dútsers net oanmoedige hat en op dat mêd ek net beskiedend west hat: "Radio Oranje waard minder belústere dan't Nederlanders nei de oarloch seinen. Mear as trijefearns part soe nei de stjoerder harke hawwe, mar it wiene wier minder. Ut reden fan Dútske steurstjoerders wie Radio Oranje wie allinne op de koarte weach te krijen. Dat koe allinne op nijere radio’s, likernôch in fearn part fan de tastellen, en fan 1943 ôf waarden radio’s yn beslach nommen." [1]
De measte Radio Oranje-programmas binne bewarre bleaun en letter digitalisearre en ûnderbrocht by it Ynstitút foar Byld en Lûd.
Utstjoeringen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
De earste útsjoering fan Radio Oranje (28 july 1940).
-
Loe de Jong yn petear mei trije Nederlânsk-Yndyske piloaten dy't by de Royal Air Force yn de lear binne (3 novimber 1941).
-
Kryrsttaspraak fan Keninginne Wilhelmina: Volharden (20 desimber 1942).
-
Minister-presidint Prof. Gerbrandy: De inval der bevrijdingslegers in Europa (16 augustus 1943).
-
Utstjoering mei û.o. koadeberjochten en warskôgingen foar boargers (4 desimber 1944).
-
De lêste útstjoering fan Radio Oranje (2 juny 1945).
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Dra.M.G.Schenk en J.B.Th.Spaan - De Koningin sprak - ISBN 9061353971
- H.J.van den Broek - Hier Radio Oranje
- O. Sinke - Verzet vanuit de Verte. De Behoedzame Koers van Radio Oranje - 2009
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Radio Oranje fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|