Thijs de Vries

Ut Wikipedy

Thijs de Vries (Kollum 22 april 1963) wie in Frysk hurdfytser.

Waard nasjonaal kampioen yn de motorsport yn de 125 cc-klasse by de junioaren. Nei in tal slimme ûngelokken by gersbaanraces begûn er yn 1983 te hurdfytsen. Earst as leafhawwer, mar yn 1984 waard hy amateur. As lid fan fytsferiening Otto Ebbens helle hy sokke goede resultaten dat hy yn 1985 troch Piet Hoekstra ynlive waard by de Batavus-equipe. Faak ried er koarte útslaggen, mar it earepoadium siet der foar antysprinter De Vries lang net yn. Mar yn 1985 wûn er syn earste kritearium mei de Omloop fan Burgum. Letter wie hy noch earste yn Bûtenpost, It Hearrenfean en De Jouwer. In tige goede prestaasje levere "Thyske" yn Olympia's Ronde fan Nederlân. Mei in sechsde plak yn de ienrangskikking ferraste de Kollumer freon en fijân.

Yn 1993 folge de oerwinning yn de Ronde fan de Kerspelen yn Droegeham as ien fan de hichtepunten yn syn karriêre. Yn 1987 waard Thijs de Vries hast beropsfytser. Jan Raas woe him wol yn de ploech hawwe en ek Cees Priem (TVM) hie belangstelling. It wie Piet Hoekstra dy't de boat lykwols ôfhold, Thijs soe net in 'killer' wêze. Letter kaam Thijs by de sponsorformaasjes fan Koga Miyata (ploechlieder Egbert Koersen) en Giant (ploechlieder Arie Hassink). Yn 1991 makke hy de oerstap nei de 'Noordelijke Wieler Vereniging Groningen', om foar dy club yn de promoasjekompetysje út te kommen.

It maratonriden waard dêrnei in nije útdaging foar De Vries. Dêrom stoppe hy yn 1994 mei fytsen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: