Springe nei ynhâld

Lesley Gore

Ut Wikipedy
Lesley Gore
sjonger en/of muzikant
Leslie Gore yn 1967
Leslie Gore yn 1967
persoanlike bysûnderheden
echte namme Lesley Sue Goldstein
nasjonaliteit flagge fan de Feriene Steaten Amerikaansk
berne 2 maaie 1946
berteplak New York City (Brooklyn)
stoarn 16 ferbrewaris 2015 (68 jier)
stjerplak New York City (Manhattan)
wurkpaad
sjenre Pop, rock
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint Stim
grutste hit(s) "It's My Party", "Judy's Turn to Cry", "You Don't Own Me"
jierren aktyf 1963–2014

Lesley Sue Gore (New York, 2 maaie 1946– dêre, 16 febrewaris 2015) wie in Amerikaansk sjongster, songwriter en aktrise.

Gore waard berne yn in joadske húshâlding, dochter fan Leo en Ronny Gore. Har heit wie eigener fan Peter Pan, in bedriuw yn berneûnderguod en swimklean. Se waard grutbrocht yn Tenafly, New Jersey, en gie nei de Dwight Skoalle foar Famkes yn Englewood. De famylje wizige de efternamme koart nei't sy berne wie yn Gore.[1] Op har 16e hie hja har earste hit mei it lietsje It's my Party (1 yn de Billboard Hot 100). Lettere hits wiene Judy's Turn to Cry, That’s the Way Boys Are, She’s a Fool, Maybe I Know, Sunshine, Lollipops and Rainbows en You Don’t Own Me (2 yn de Billboard Hot 100). Yn 't plak fan yn te gean op de platekontrakten en oanbiedingen foar films, keas se foar in oplieding. Sadwaane koe se allinne yn de wykeinen optrede, itjinge har karriêre net befoardere.

Foar de muzykfilm Fame skreau se tegearre mei har broer Michael Out Here On My Own. Letter skreaune se My Secret Love foar de film Grace Of My Heart (1996).

Earst by it útbringen fan de cd Ever Since yn 2005, makke Gore bekend dat hja lesbysk wie.[2] Dat ûntdiek se nei har tweintichste, mar hat dat nea iepenbier meitsje wollen. Har wurk hat it nea yn de wei sitten. Gore hie fan 1982 ôf oant har dea in relaasje mei juwieleûntwerpster Lois Sasson.

Yn febrewaris 2015 ferstoar Gore yn in sikehûs yn Manhattan (New York) yn de âldens fan 68 jier oan longkanker.

  • I'll Cry If I Want To (1963)
  • Lesley Gore Sings of Mixed-Up Hearts (1963)
  • Boys, Boys, Boys (1964)
  • Girl Talk (1964)
  • My Town, My Guy & Me (1965)
  • Lesley Gore Sings All About Love (1966)
  • Off and Running (1967) (canceled)
  • The Canvas Can Do Miracles (1982)
  • Ever Since (2005)
  • California Nights (1967)
  • Magic Colors (1967) (canceled)
  • Someplace Else Now (1972)
  • Love Me by Name (1975)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Lesley Gore (1946-2015), Who Created a Feminist Anthem, The Lilith Blog, 18 febr. 2015.
  2. Shauna Swartz, Interview with Lesley Gore, AfterEllen.com, 23 juni 2005.