Springe nei ynhâld

Lilies of the Field (film út 1963)

Ut Wikipedy
Lilies of the Field
film
makkers
regisseur Ralph Nelson
produsint Ralph Nelson
senario James Poe
basearre op de roman fan
   William Edmund Barrett
kamerarezjy Ernest Haller
muzyk Jerry Goldsmith
filmstudio Rainbow Productions
distribúsje United Artists
spilers
haadrollen Sidney Poitier
Lilia Skala
byrollen Lisa Mann
Isa Crino
Francesca Jarvis
Pamela Branch
Stanley Adams
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 1 oktober 1963
foarm swart-wyt-langspylfilm
sjenre komeedzjedrama
taal Ingelsk en Dútsk (ek wat Spaansk)
spyltiid 94 minuten
budget en resultaten
budget $240.000 of $247.000
opbringst $3–7 miljoen
prizen 1 × Oscar
2 × Golden Globe

Lilies of the Field is in Amerikaanske swart-wyt-komeedzjedramafilm út 1963 ûnder rezjy fan Ralph Nelson, mei yn 'e haadrollen Sidney Poitier en Lilia Skala. De titel is ûntliend oan it Evangeelje fan Mattéus. De film is basearre op 'e roman mei hast deselde namme fan William Edmund Barrett. It ferhaal giet oer Homer Smith, in omdoarmjende swarte deihierarbeider, dy't troch in groepke Eastdútske nonnen yn ballingskip foar harren karke spand wurdt om in kapel te bouwen. Lillies of the Field krige loovjende resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Poitier wûn mei syn haadrol yn 'e film de Oscar foar bêste akteur, de earste kear dat dy priis ferjûn waard oan in swarte man. Hy wûn ek de Golden Globe foar bêste akteur yn in dramafilm. Lilies of the Field waard yn 2020 opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register.

De titel fan 'e film, Lilies of the Field, betsjut: "Leeljes fan it Fjild". Dy fraze is ûntliend oan 'e Ingelsktalige oersetting fan 'e Bibel en komt út in passaazje fan 'e Berchrede fan Jezus, werjûn yn Mattéus 6:27-33 (en ek yn 'e parallelle tekst yn Lukas 12:27-31). De tafoeging of the field, nei't men oannimme bedoeld om ûnderskie te meitsjen tusken 'gewoane' leeljes en wetterleeljes, wurdt yn it Frysk weilitten. De passaazje út Mattéus wurdt sadwaande yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting werjûn as:

"Wa fan jimme kin mei noed te hawwen syn libben ek mar in stikje langer meitsje? En wêrom yn noed te sitten oer de klean? Sjoch ris nei de leeljes hoe't dy waakse. Se arbeidzje net, se spinne net, mar Ik sis jimme: sels Salomo yn al syn pracht wie net sa moai yn 'e klean as ien fan harren. Sit dus net yn noed oer de fraach: Wat is der foar ús te iten? Of: Wat moatte wy oan hawwe?"

Homer Smith is in omdoarmjende swarte hantsjemuoisfeint, dy't de kost fertsjinnet as deihierarbeider. As er op trochreis is yn 'e woastyn fan Arizona, driget syn auto oerferhjitte te reitsjen. Dat hy set nei it neiste boerespultsje om dêr om wetter foar yn syn radiator te freegjen. Dêr wurkje ferskate froulju oan in knoffelich boud stek, dy't mar in bytsje Ingelsk sprekke. Harren liedster, in âldere frou, tanket God dat dy harren in sterke keardel stjoerd hat om it dak te reparearjen. Smith is earst fan doel om daliks fierder te reizgjen, mar hy betinkt him: de froulju sitte blykber om help ferlegen en hy kin wol wat ekstra jild brûke. Dat hy wurket de rest fan 'e dei oan it dak, dêr't er alle lekken tichtet. Neitiid wol er betelle krije en wer op 'en paad, mar de liedster fan 'e froulju wol dêr neat fan hearre: hy moat en sil dy jûns by de froulju ite.

Pas as er foar it iten deryn komt en de froulju út 'e wurkklean en yn it habyt sjocht, kriget Smith, dy't troch de froulju "Schmidt" neamd wurdt, foar it earst foar it ferstân dat it om in groepke roomske nonnen giet en dat de liedster harren mem-oerste is. De froulju sizze dat se Dútske, Eastenrykske en Hongaarske susters binne en dat se harren noch net sa lang ferlyn yn Arizona nei wenjen setten hawwe. De mem-oerste hjit Maria en de nonnen binne Gertrude, Agnes, Albertine en Elizabeth. It iten is neat te rom, mar Smith en de nonnen hawwe wille as er harren Ingelsk besiket te learen. Hy bliuwt de nacht by harren oer en nimt oan dat se him de oare moarns betelje sille.

De oare deis, as er mem Maria dêrop oansprekt, hâldt se lykwols de boat ôf. Op 't langelêst nimt Smith syn taflecht ta in sitaat út 'e Bibel: "Want wa't arbeidet, komt syn lean ta" (Lukas 10:7). Mem Maria tsjinnet him lykwols fan replyk mei in oare bibeltekst: "En wêrom yn noed te sitten oer de klean? Sjoch ris nei de leeljes hoe't dy waakse." (Mattéus 6:28).

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei't er yn syn fraach om betelling nul op rekest krigen hat, wit mem Maria Smith safier te krijen dat er by har en de susters bliuwt te brea-iten. Om't it iten hjir dúdlik krap is, fielt Smith him dêr letter skuldich oer en lit er him tsjin better witten yn beprate om noch in dei te bliuwen. Op it hiem fan it boerespultsje leit de ruïne fan in skuorre, wêrfan't inkeld de hoeken noch heal oerein steane. Mem Maria fertelt dat se it gebou wer opbouwe wol om der in kapel fan te meitsjen. Oft Smith dêr net in begjin mei meitsje wol. Dat, Smith set him wer oan it wurk, yn 'e dizenige hope dat er diskear neitiid wol betelle krije sil.

Stadichoan wurdt de sitewaasje Smith dúdlik. De nonnen hawwe yn prinsipe gjin jild en libje fan wat se yn 'e drûge woastyngrûn ferbouwe kinne, fan 'e molke dy't harren ko jout en fan 'e aaien dy't harren hinnen lizze. As geandewei de earste pear dagen de nonnen foar it ferstân krije hokker feardichheden en krêft Smith hat, begjinne se him echt as in geskink fan God te sjen, immen dy't stjoerd is om 'e kapel te bouwen dy't sa nedich is foar de pleatslike roomske parochy. Dy bestiet nammentlik út earme Latino's dy't gjin eigen tsjerkegebou hawwe en likemin de middels om sneins nei in grutter plak te reizgjen dêr't wol in tsjerke stiet.

Op sneintemoarn wurdt Smith troch mem Maria ynformearre dat er harren yn 'e auto nei de mis yn it neiste doarp bringe sil. (De nonnen hawwe sels gjin oar ferfier as it apostelhynder, dat se geane dêr oars altyd geandefoets hinne.) It docht bliken dat de mis opfierd wurdt op it parkearterrein fan in pleatslik weirestaurant, dêr't pastoar Murphy mei syn caravan stiet. Dyselde hat fjouwer fan sokke tsjerkeleaze parochys yn súdlik Arizona en reizget hiel wat ôf. Smith, dy't baptist is, bliuwt net foar de mis, mar stekt oan yn it weirestaurant om foar it earst yn dagen ris goed te iten. Hy rekket yn petear mei de útbater fan 'e saak, Juan Acalito, dy't fan himsels seit dat er ateïst is. Al pratende ûntdekt Smith dat de nonnen oarspronklik in kleaster hiene yn wat no de kommunistyske DDR is, en dat se mei gefaar foar eigen libben oer de Berlynske Muorre hinne ûntkommen binne nei it Westen. It boerespultsje yn Arizona, dêr't se neitiid bedarren, wie harren kleasteroarder tatestaminte troch de foarrige eigner.

Moandeis beslút Smith de nonnen farwol te sizzen en fierder te reizgjen, mar mem Maria seit dat er dan moai harsels en suster Gertrude nei it earstfolgjende gruttere plak bringe kin. Dêr wit hja Ashton, de eigner fan in boubedriuw, in lading stien en bynten te ûntpraten. Mem Maria stelt Smith dêrby foar as har oannimmer, en as dat Ashton net oan wol, in swarte oannimmer, fielt Smith him út dwersichheid roppen om har by te fallen. Om wat jild te fertsjinjen sadat er it menu by de nonnen oanfolje kin mei wat "echt iten" út 'e supermerk, nimt Smith foar twa dagen yn 'e wike by it bedriuw fan Ashton in baan oan as sjauffeur fan swier boumaterieel. Mei syn salaris keapet Smith net inkeld iten foar himsels, mar ek foar de nonnen, dy't er bygelyks, ta argewaasje fan mem Maria, ferblidet mei sokke dingen as lollys.

Hoewol't er sa njonkelytsen beseft hoe ûnwierskynlik it is dat er ea jild foar syn bodzjen sjen sil, bliuwt Smith dochs by de nonnen yn it wurk. Foar in part út respekt foar alles dat de froulju oerwûn hawwe om te kommen dêr't se binne, en foar in part om't er alteast de fjouwer jongere susters wol lije mei, giet er troch mei it útromjen fan 'e ynstoarte skuorre foar de bou fan 'e kapel. Behalven de lessen Ingelsk, dy't Smith de nonnen yn 'e jûnsoeren hieltyd jout, mei er ek graach mei harren sjonge. Harren Dútsktalige roomske hymnen binne him frjemd, mar hy leart harren baptistyske lieten, yn 't bysûnder it rop-en-antwurdliet Amen. Nei't Smith fannijs in duël mei bibelsitaten fan mem Maria ferlern hat, jout er ta dat er altyd arsjitekt wurde wollen hat, mar dat syn âldelju te earm wiene om in oplieding te bekostigjen. Hy begjint de bou fan 'e kapel te sjen as syn kâns om dochs nochris in gebou te setten en praat mei mem Maria ôf dat er dat (as willewurk) dwaan sil as sy derfoar soarget dat der boumateriaal beskikber komt.

Nei in heechoprinnende rûzje mei mem Maria ferdwynt Smith in wike lang spoarleas, mar lang om let komt er werom mei in bêsten kater. Allebeide beslute se wat minder deroer sein wurdt, wat better, dat se geane op 'e âlde foet fierder. As mem Maria by de mis oan 'e parochianen bekendmakket dat Smith in kapel foar de parochy bouwe sil, biedt in kloft Latino-manlju út 'e omkriten oan om te helpen. Smith hat it him lykwols yn 'e holle helle dat er it hiele gebou mei eigen hannen bouwe moat om it sines neame te kinnen, en stegeret it freonlik oanbod ôf. Underwilens skriuwt mem Maria mei help fan 'e oare nonnen brieven oan it aartsbisdom en in ferskaat fan filantropyske en goeddiedige organisaasjes, wêryn't se biddelet om jild foar boumateriaal, mar op alle oanfragen kriget se ôftynge. Mem Maria besiket de moedfearren net hingje te lizzen troch te sizzen dat God útkomst jaan sil as de kapel foarbestimd is om boud te wurden.

Dat liket lang net sa te wêzen, en neigeraden dat it boumateriaal oprekket dat al foarhâns wie, begjint Smith mear foar Ashton te wurkjen, om't er neat oan 'e kapel dwaan kin. Mar dan begjint de pleatslike befolking del te kommen mei ladings stiennen en oare materiaal. Ien sa'n lading kin Smith net folle mei foarút, mar trochdat eltsenien bydraacht, is der op 't lêst genôch om 'e kapel ôf te bouwen. Smith set him wer oan it wurk, dat traach foarderet fanwegen syn stiifkoppige wegering om help oan te nimmen. Hy wurdt in besjensweardichheid, dêr't de pleatslike manlju yn har frije tiid yn it skaad fan in pear beammen nei sitten geane te sjen. It is Juan Acalito dy't him úteinlik safier kriget dat er de oanbeane help oannimt.

Al rillegau binne de rollen omdraaid: de Latino's binne oan it bouwen, wylst Smith yn it skaad sit te bekommen. Dat der mear hannen oer gear binne, giet it bouproses folle flugger troch, ta blydskip fan eltsenien útsein Smith. Hy bemuoit him der net mear mei, mar sjocht inkeld ta. Mem Maria en de oare nonnen besykje de bou yn goede banen te lieden, mar de kommunikaasje tusken de Dútsktalige nonnen en de Spaansktalige bouwers liedt ta in Babyloanyske spraakbetizing dy't de bou stil driget te lizzen. Smith sjocht dat der ferlet fan him is en nimt no wier de rol fan oannimmer-arsjitekt oan, wêrby't er tafersjoch hâldt op 'e bou en hieltyd op ferskillende plakken mei tapakt.

Ashton komt del op it bouplak om mei eigen eagen de kapel te sjen dêr't eltsenien it oer hat. Hy treft dêr Juan Acalito, oan wa't er freget wêrom't al dy mannen har sa ynspanne foar de bou fan 'e kapel. Acalito antwurdet dat se dernei útsjogge om in tsjerkegebou foar harren mienskip te hawwen, dêr't dopen en trouwerijen en begraffenissen holden wurde kinne. Dêrop freget Ashton wêrom't Acalito sels dan sa mei boddet, want hy is ommers ateïst. Acalito antwurdet dat er in fersekeringspolis oan it ôfsluten is. Want as er letter deagiet en der blykt àl in God te wêzen, dan kin er sizze dat er dat er dan wol net yn dy God leaud hat, mar dat er him wol ynspand hat om in hûs foar dy God te bouwen. Net folle letter komt Ashton, dy't de smeekbeaën fan mem Maria om boumateriaal lang negearre hat, op 'e lapen mei in lading bakstien dy't er nei eigen sizzen oer hat. Dêrmei wurdt njonken de doar fan 'e kapel in lyts tuorke fan in meter as fiif heech boud, dêr't letter, as der jild foar is, in liedklok yn komme moat te hingjen. Smith is dejinge dy't, as de bou fan 'e kapel berêden is, boppe-op dat tuorke in houten krús pleatst en dêrby syn namme yn it noch wiete semint set.

De jûns foarôfgeande oan 'e snein dat de kapel ynwijd wurde sil, nûget mem Maria Smith út om 'e oare deis as earegast oanwêzich te wêzen. Hja wol dat er foargoed bliuwt, mar is te grutsk om him dat te freegjen. Dêrom hat se it entûsjast oer oare dingen dêr't er mei helpe kin, lykas it bouwen fan in skoalle en in lyts sikehûs. Smith antwurdet dêr net op, mar luzet mem Maria der by in lêste Ingelske les yn om "tankjewol" tsjin him te sizzen (earder hie se koppich hieltyd God tanke, mar Smith net). Letter sjongt er noch ienris Amen mei de nonnen, wêrby't er der sels op in stuit út giet, en noch hieltyd sjongende syn besittings yn 'e auto laadt en in lêste blik op 'e kapel werpt. Mem Maria heart hoe't er syn auto start, mar har grutstkens belet har om efter him oan te gean. De susters sjonge lustich troch, wylst Smith stilwei fuortriidt en weiwurdt yn it nachtlik tsjuster.

Sidney Poitier.
Lilia Skala.
haadrollen
personaazje            akteur/aktrise
Homer Smith Sidney Poitier
Jester Hairston (sjongen)
mem-oerste Maria Lilia Skala


byrollen
personaazje akteur/aktrise
suster Gertrude Lisa Mann
suster Agnes Isa Crino
suster Albertine Francesca Jarvis
suster Elizabeth Pamela Branch
Juan Acalito Stanley Adams
pastoar Murphy Dan Frazer
Ashton Ralph Nelson

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lilies of the Field waard regissearre troch Ralph Nelson nei in senario fan James Poe. Dat wie basearre op 'e roman The Lilies of the Field út 1962, fan William Edmund Barrett. Nelson wie ek as produsint by it projekt belutsen foar de filmstudio Rainbow Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $240.000 of $247.000, ôfhinklik fan hokker boarne men leauwe wol. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Ernest Haller, en de filmmuzyk waard fersoarge troch de letter ferneamd wurden filmkomponist Jerry Goldsmith.

De opnamen foar Lilies of the Field fûnen plak yn 'e woastyn fan Arizona, fuort benoarden Tucson, by Sabino Canyon en Cloud Road. De haadrol fan Homer Smith waard fertolke troch de Bahamaanske akteur Sidney Poitier. Om't dyselde toandôf wie, waard syn sjongen yn 'e film lykwols neisyngronisearre mei it stimlûd fan Jester Hairston. Dyselde wie ek de skriuwer fan it liet Amen.

It lânskip yn Sabino Canyon, benoarden Tucson, dêr't Lilies of the Field foar in grut part filme waard.

De distribúsje fan Lilies of the Field waard fersoarge troch United Artists. De film gie op 1 oktober 1963 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Fan 'e filmkritisy krige Lilies of the Field oer it algemien loovjende resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Lilies of the Field in tige heech goedkarringspersintaazje fan 92%, basearre op 25 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Lilies of the Field in goedkarringspersintaazje fan 61%, basearre op 8 resinsjes.

Yn 2020 waard Lilies of the Field troch de Amerikaanske Library of Congress útornearre foar preservaasje foar de ivichheid yn it Nasjonaal Film Register, omreden fan fan kultureel, histoarysk en/of estetysk belang.

Lilies of the Field hie yn 'e bioskopen in opbringst fan $3 miljoen (neffens it artikel Hollywood Trick, Or: How to Turn Cheap "Lilies" into Gold fan Murray Schumach yn The New York Times) of $7 miljoen (neffens it artikel A Blue-Ribbon Packager of Movie Deals fan Wayne Warga yn 'e Los Angeles Times). Ofset tsjin it budget fan $240.000 oant $247.000 betsjut dat in winst fan likernôch $2.750.000 of $6.750.000, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Lilies of the Field in reuseftich kommersjeel súkses.

Lilies of the Field waard yn 1964 by de Oscars nominearre foar prizen yn 5 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste byrol fan in aktrise (Lilia Skala), bêste adaptearre senario en bêste kamerarezjy. Sidney Poitier wûn mei syn rol as Homer Smith de Oscar foar bêste akteur en wie dêrmei de earste swarte man dy't dat klearspile. Hy wie de twadde swarte akteur dy't überhaupt in Oscar wûn, nei't Hattie McDaniel yn 1940 foar har rol yn Gone with the Wind in Oscar foar bêste froulike byrol wûn hie.

Lilies of the Field waard ek nominearre foar 4 Golden Globes, wêrûnder bêste dramafilm en bêste byrol fan in aktrise (Lilia Skala). De film wûn de prizen foar bêste akteur yn in dramafilm (Sidney Poitier) en bêste film dy't ynternasjonaal begryp útdraacht. By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Lilies of the Field nominearre yn 2 kategoryen: bêste bûtenlânske akteur (Sidney Poitier) en de 'Feriene Naasjes-priis'. Fierders wie Lilies of the Field op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn nominearre foar de Gouden Bear. Dy priis wûn de film net, mar wol fjouwer mindere prizen op itselde filmfestival, wêrûnder de Sulveren Bear foar bêste akteur foar Sidney Poitier.

Yn 1979 waard as ferfolch op Lilies of the Field in tillefyzjefilm makke mei de titel Christmas Lilies of the Field, ek wer regissearre troch Ralph Nelson. Yn dy film keart Homer Smith (spile troch Billy Dee Williams), werom by de nonnen, wêrnei't er "oerhelle" wurdt om in boarterstún oan te lizzen foar in groep weesbern wêrfan't de nonnen de fersoarging op har nommen hawwe.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.