Springe nei ynhâld

Anna Maria Catharina Buma

Ut Wikipedy
Anna Maria Catharina Buma
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte nammeAnna Maria Catharina Buma
nasjonaliteit Nederlânsk
berne13 oktober 1889
berteplakLjouwert (Fryslân)
stoarn9 juny 1963
stjerplakLjouwert
etnisiteit Frysk
wurk
taalFrysk
sjenrepoëzij, oersettings, non-fiksje
perioade1e helte en midden 20e iuw
streamingJongfryske beweging
bekendste
  wurk(en)
Wersjen, De Tsjerne 1951
prizenEarelid Fryske Rie, 1962
jierren aktyf19151963
offisjele webside
n.f.t.

Anna Maria Catharina Buma (Ljouwert, 13 oktober 1889 - Ljouwert, 9 juny 1963) (ropnammen: Hans en letter Anne, Anna of Anneke) wie warber op tal fan terreinen mei toaniel (spul en regy), foardrachten en deklamaasjes (wurk fan Fryske dichters), lêzingen, reisferslaggen, (folks)dûns- en folkloare, oersettings nei it Frysk en as sjuerylid fan ûnder oaren de Rely Jorritsmapriis. Dêrneist hie se talleaze (bestjoerlike) funksjes yn ‘frysksinnige’ ferienings en organisaasjes en joech se les yn de Fryske taal en skiednis oan hûnderten learlingen út binnen- en bûtenlân. Losse gedichten fan har hân ferskynden yn ferskate Fryske tydskriften en blêden.

Foar har mânske bydrage oan de emansipaasje en befoardering fan Fryske taal, (lês)kultuer en literatuer krige se oan de ein fan har libben it earelidmaatskip fan de Fryske Rie. [1]

Anna Buma wie de âldste fan de twa bern fan advokaat/prokureur mr. Wibo Bernhardus (W.B. of Wibo) Buma (1861-1945) en Amelia Gerardina (Mieke) Albarda (1867-1958) en waard ferneamd nei har beppe fan mem har kant: Anna Maria Catharina van Andringa de Kempenaer.

De famylje ferhuze yn 1892 nei Huzum, dêr't se opgroeide yn grutte wielde yn de steatlike Villa Bornia (of Borniastate) oan de Verlengde Schrans (no nûmer 87). Har heit wie foaral aktyf yn saken en bestjoer. Hy hold him dêrneist dwaande mei de Fryske kultuer en histoarje yn ferskillende hoedanichheden. Thús waard gjin Frysk sprutsen fanwege it te folkske karakter.

'Hans' gie teminsten oant de fjirde klasse nei de legere famkesskoalle oan it Raadhuisplein (no nûmer 25). Fanwegen ûnhânsum gedrach waard se fan skoalle stjoerd en krige se thús les fan gûvernantes. Nei it thúsûnderwiis besocht se goed in jier it pensionat demoiselle 'Le Bosquet' te Genève (Switserlân), in kostskoalle foar jongedames mei ûnder mear taallessen foar jonge froulju út begoedige rûnten ôfkomstich út ferskate Europeeske lannen.

Nei har houlik yn 1911 mei jonkhear Joan Quarles van Ufford (1888-1921), amtner fan de ynspeksje foar it middelber ûnderwiis, ferhuze se nei Skeveningen. Se krige dêr twa bern en kearde yn 1915 werom nei Fryslân doe 't har man beneamd waard ta boargemaster fan Warkum. Yn dy tiid skikte se har yn de rol fan boargemastersfrou en hâlde se har dwaande mei sosjaal en filantropysk wurk.

Yn Warkum kaam se as lid fan de krite Warkum fan it Kristlik Frysk Selskip yn oanrekking mei Jongfryske Mienskip fan Douwe Kalma en dy en slute har dêrby oan. Se ferdjippe har fierder yn de Fryske taal.

Har man Jo Quarles van Ufford ferstoar nei in jierrenlange sykte, fjouwer dagen nei de publikaasje yn de Nederlandsche Staatscourant fan syn werbeneaming per 2 maart. Se besleat werom te gean nei Ljouwert, al duorre it oant 1925 foardat se har werklik fêstige oan de Marsummerstraatweg 38 (de hjoeddeiske Harlingerstraatweg) en oant 1928 foardat se te wenjen gong oan de Grote Kerkstraat nr. 9 (letter diel fan it Keramiekmuseum Princessehof).

Grutfryske kongressen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Noch foar de ferhuzing nei Ljouwert, en wylst se har plak as mei-oprjochter en skriuwster yn it bestjoer fan de yn 1923 oprjochte Fryske Bibleteek mar krekt ynnaam hie, bedarre se in jier letter as twadde skriuwster yn it tydlike bestjoer fan De Upstalbeam. As meiûndertekener fan de ‘oprop oan it Fryske folk’ oant mear striid, aksje en ienheid op 2 septimber 1924, propagearre se de idealen fan de nije organisaasje en gie yn it definitive bestjoer ûnder foarsitterskip fan Fedde Schurer oan de slach.

Ut de Upstalbeam wei ûntstie har dielname oan en belutsenens by de organisaasje fan de Grutfryske kongressen fan 1925 (Jever) ôf oant fier nei de oarloch, dêr 't kontakten fan East-Friezen en Noardfriezen ferstevige waarden.

Fierdere libben

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1936 troude se mei har twadde man, Ljouwerter gemeenteargivaris Adrianus van der Minne (1903-1963).

Yn har hûs wienen geregeldwei gearkomsten fan Fryske skriuwers en yntellektuelen. Doe 't hja ûnder ynfloed kaam fan de NSB mei troch har man, krige it selskip ek hege Dútske besite - fan ûnder oaren de archeologen Herman Wirth en Arend Lang - dy't de Fryske yntellektuele elite foar it nasjonaal-sosjalistyske karke besocht te spannen. [2]

Yn de neioarlochske jierren makket Anna van der Minne-Buma de gefolgen fan de komplekse oarlochstiid mei, dy ’t liede ta suveringen en de ‘ûntsetting út it amt’ fan har man. Har eigen twifeleftige karren bliuwe suver ûnbesprutsen en sûnder mis, wêrnei ’t se har rol wer fol ferve oppakt. Oant yn hege âldens bliuwt se tige aktyf mei lesjaan en it bywenjen fan gearkomsten en kongressen.

Op 14 juny 1963, 73 jier âld, nei in wikenlang siikbêd yn it Bonifatiushospitaal yn har wenplak Ljouwert en de tatsjinning fan it Hillich Oliesel yn it Frysk, wurde se út de roomsk-katolike Sint-Dominikustsjerke (Ljouwert) wei nei it famyljebegraafplak brocht fan de Buma’s te Weidum. Oanslutend wurde se eare en betocht troch meistrider fan de earste oere, skriuwer en dichter Fedde Schurer (1898 -1968) en fertsjintwurdigers fan frijwol it hiele Fryske kulturele fjild yn it ‘waerdshûs fan Okkinga’.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Beerda, Gosse, Fan hilligen, keizers en keningen. Portret van Anna Maria Catharina Buma, De Vrije Fries (Frysk Genoatskip) 105 (2025), 63-76:
  2. Zondergeld, Gjalt Reinder, De Friese Beweging in het tijdvak der beide wereldoorlogen, 1978