Igor Zjelezovski

Ut Wikipedy
Igor Zjelezovski
sporter
Igor Zjelezovski (1994)
Igor Zjelezovski (1994)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Igor Nikolajevitsj Zjelezovski
nasjonaliteit Wyt-Russysk
bertedatum 1 july 1963
berteplak Orsja
stjerdatum 12 juny 2021
stjerplak Minsk
lingte 1.86 m
gewicht 92 kg
sportive ynformaasje
sport Reedriden
ûnderdiel Langebaan
O.S. Calgary 1988
Tignes-Albertville 1992
Lillehammer 1994
debút 1982
karriêre-ein 1994
wichtige prestaasjes
1x sulver Olympyske Spullen 1994
1x brûns Olympyske Spullen 1988
6x goud WK Sprint 1985, 1986, 1989, 1991, 1992, 1993
1x brûns WK Sprint 1990

Igor Nikolajevitsj Zjelezovski (Orsja, 1 july 1963 - Minsk, 12 juny 2021) wie in Wytrussysk reedrider dy't oant en mei 1991 útkaam foar de Sovjetuny. Zjelezovski waard mar leafst seis kear wrâldkampioen sprint.

Hy die njoggen kear mei oan it Wrâldkampioenskip sprint, en trije kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1988, 1992 en 1994). Hy waard by dizze kampioenskippen seis kear wrâldkampioen, en helle op de Olympyske Spullen in sulveren en in brûnzen medalje op de 1000 meter. Nei de spullen fan 1994 hold Zjelezovski op mei it reedriden op heech nivo.

Igor Zjelezovski ferstoar op 12 juny 2021, yn 'e aldens fan 57 jier oan de gefolgen fan in firusynfeksje.

Persoanlike rekords[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 36,49 21 desimber 1985 flagge fan de Sowjetuny Medeo, Alma-Ata
1000 meter 1.12,58 25 febrewaris 1989 flagge fan Nederlân Thialf, It Hearrenfean
1500 meter 1.52,50 5 desimber 1987 flagge fan Kanada Olympic Oval, Calgary
3 km 4.12,85 9 jannewaris 1988 flagge fan Switserlân   Eisstadion Davos, Davos
5 km 7.09,84 25 maart 1983 flagge fan de Sowjetuny Medeo, Alma-Ata
10 km 15.40,82 26 maart 1983 flagge fan de Sowjetuny Medeo, Alma-Ata

Resultaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier WK
Sprint
Olympyske
Spullen
1985 Goud
1986 Goud
1987 8ste
1988 500 m, 6e
1000 m, Brûns
1500 m, 4e
1989 Goud
1990 Brûns
1991 Goud
1992 Goud 500 m, 8ste
1000 m, 6e
1500 m, 10e
1993 Goud
1994 6e 500 m, 10e
1000 m, Sulver

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:DE