Winnetou 1. Teil

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Winnetou 1. Teil
Filmklapper.png film
Winnetou Teil 1 Logo 001.svg
makkers
regisseur Harald Reinl
produsint Horst Wendlandt
senario Harald G. Petersson
basearre op de Winnetou-rige fan Karl May
kamerarezjy Ernst W. Kalinke
muzyk Martin Böttcher
filmstudio Jadran Film
Rialto Film
S.N.C.
distribúsje Constantin Film (Jeropa)
Columbia Pictures (Fer. Steaten)
spilers
haadrollen Pierre Brice
Lex Barker
byrollen Mario Adorf
Ralf Wolters
Walt Barnes
Marie Versini
Mavid Popović
skaaimerken
lân/lannen Flag of Germany.svg West-Dútslân
Flag of Yugoslavia (1946-1992).svg Joegoslaavje
Flag of France.svg Frankryk
premiêre 11 desimber 1963
foarm langspylfilm
sjenre westernfilm
taal Dútsk
spyltiid 101 minuten
budget en resultaten
budget DM4 miljoen
opbringst 10 miljoen (West-Dútslân)
filmsearje
filmsearje Winnetou
● folgjend diel Winnetou 2. Teil

Winnetou 1. Teil (de punt jout in rangtelwurd oan, dus útsprutsen as Winnetou ersten Teil) is in Westdútsk-Joegoslavysk-Frânske westernfilm út 1963. De Servo-Kroätyske titel wie Vinetu I, yn it Frânsk hiet de film La Révolte des Indiens Apaches, en yn it Ingelsk stied er bekend as Apache Gold. It wie de earste yn in trilogy ferfilmings fan 'e ferneamde Winnetou-romans fan 'e Dútske skriuwer Karl May. Winnetou 1. Teil waard regissearre troch Harald Reinl, wylst Pierre Brice en Lex Barker de haadrollen spilen fan Winnetou en Old Shatterhand. De plot folget Old Shatterhand wylst er yn it Wylde Westen besiket en bewarje de frede tusken de blanke kolonisten en de Yndianen, wylst de bandyt Santer dat besiket te dwerseidzjen. Winnetou 1. Teil waard troch de Westdútske filmkritisy mei positive resinsjes ûnthelle en ûntjoech him ta in grut kommersjeel súkses.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bandyt Frederick Santer en syn binde besykje út te finen wêr't it goud fan 'e Apachen wei komt. Se kringe it lân fan 'e Apachen yn en ûnderskeppe de boadskipper Swarte Earn, dy't se martelje om oan ynformaasje te kommen. De jonge kriger wol lykwols neat loslitte en rekket ta Santer syn lulkens dea foar't er sa tramtearre wurde kin dat er op oare gedachten brocht wurdt.

Underwilens is de lânmjitter Charlie, better bekend ûnder syn bynamme Old Shatterhand, dy't foar de spoarweimaatskippij Great Western Railway wurket, ûnderweis troch it Wylde Westen. Hy is troch it haadkantoar stjoert om út te finen wêrom't Bancroft, dy't ferantwurdlik is foar de oanlis fan 'e spoarwei, him net oan 'e ôfspraken mei de Yndianen hâldt. Underweis wurdt it konfoai kapweinen, dêr't Old Shatterhand him by jûn hat, oanfallen troch de Kiowa, dy't dêrta oanset binne troch Santer. Troch in wein mei springstof yn 'e loft fleane te litten, wit Old Shatterhand it konfoai te rêden.

Ienris oankommen yn it stedsje Roswell ûntdekt er dat Santer Bancroft sjantearret, en dat Bancroft alles docht wat Santer wol. En wat Santer wol is in bocht yn 'e spoarwei ôfsnije, sadat de oanlis minder kostet en hy it ferskil yn eigen bûse stekke kin. Dat soks dwers yngiet tsjin 'e oerienkomst fan Great Western mei de Apachen, en dêrom ta oarloch liede en libbens kostje sil, lit him folslein kâld. Old Shatterhand weeft mei help fan in freon him him, in âlde Dútske emigrant dy't himsels Sam Hawkens neamd, handich ôf mei de binde fan Santer, dy't er út Roswell ferdriuwt. Ek ûntheft er Bancroft út syn funksje en makket er mei Bancroft syn direkte ûnderhearrige Bill Jones plannen om it oanleine spoar wer op te brekken en de spoarline oer de oarspronklik bedoelde rûte oan te lizzen.

Winnetou, de soan fan it opperhaad fan 'e Apachen, nimt waar hoe't it spoar troch it lân fan syn folk oanlein wurdt. Underweis werom nei syn doarp fynt er it lyk fan Swarte Earn. Hy nimt it mei werom en bringt oer syn ûntdekkings ferslach út oan syn heit, Intschu-tschuna (útspr.: "Yntsjû-tsjûna"). It opperhaad sit djip yn noed dat mear kweadoggers lykas Santer har op it lân fan 'e Apachen bejaan sille en syn folk deadzje of bedjerre sille as er de lju fan Great Western tastiet om mar te dwaan wat se wolle. In Dútske sindeling, dy't mank de Apachen libbet en de namme Klekih-petra oannommen hat, bepraat Intschu-tschuna lykwols om 'e frede te bewarjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Winnetou en Klekih-petra wurde troch Intschu-tschuna útstjoerd nei Roswell om mei fertsjintwurdigers fan Great Western te praten. Old Shatterhand, Jones en Hawkens fertsjintwurdigje de spoarweimaatskippij, en der wurdt oerienkommen dat Great Western acht dagen de tiid kriget om te meitsjen dat se fan it lân fan 'e Apachen ôf komme. De ûnderhannelings wurde lykwols ûnderbrutsen as Santer mei syn binde weromkomt wylst de fertsjintwurdigers fan beide kanten harren wapens efterlitten hawwe foar de besprekkings, en harren dêrom net ferdigenje kinne. Santer besiket Winnetou dea te sjitten, mar de Apache wurdt rêden troch Klekih-petra, dy't himsels yn 'e baan fan 'e kûgel smyt. Neitiid wurdt Winnetou finzennommen en troch Santer en oan Tangua jûn, it opperhaad fan 'e Kiowa, dat aartsfijannen fan 'e Apachen binne. Bancroft wurdt ek finzennommen en bliuwt yn 'e hannen fan Santer.

Om syn goede bedoelings te bewizen, kringt Old Shatterhand nachts it kamp fan 'e Kiowa binnen, dêr't er Winnetou fan efteren ôf lossnijt. Winnetou sjocht net wa't syn befrijer is, mar Old Shatterhand nimt him in amulet ôf dat er om 'e hals draacht, mei it idee dat er letter bewize kinne sil dat hy dejinge is dy't Winnetou holpen hat. Neitiid wolle Old Shatterhand en syn oanhingers foargoed mei de binde fan Santer ôfweve. Se besingelje de saloon fan Roswell, dêr't Santer-en-dy harren ferskânze hawwe. Sawol Jones as Bancroft fine by de dêropfolgjende sjitpartij de dea, mar Old Shatterhand-en-dy slagget it net om Santer-en-dy út it gebou te ferdriuwen. Nachts ferlizze se dêrom it spoar, en de oare moarns riidt Old Shatterhand mei in steamlokomotyf de saloon yn. Syn oanhingers stoarmje troch it gat nei binnen en rekkenje Santer syn oanhingers yn, mar Santer sels is mei in stikmannich fertroulingen ûntkommen troch in tunnel dy't se út 'e saloon wei groeven hawwe.

Underwilens is Winnetou mei it lyk fan Klekih-Petra nei it kamp fan 'e Apachen weromkeard. Hy en syn heit ornearje dat Santer en de fertsjintwurdigers fan Great Western ûnder ien tekken skûlje, en dêrom beslute se in wraam op Roswell te dwaan. Fuort nei't Old Shatterhand en syn oanhingers de saloon ynnommen hawwe, falle de Apachen it stedsje binnen. Yn 'e striid komme in protte krigers om en ek it meastepart fan Old Shatterhand syn mannen. Santer-en-dy witte yn 'e gaos guon hynders te stellen en út te naaien. Yn it hjitst fan 'e striid reitsje Old Shatterhand en Winnetou ferwikkele yn in man-tsjin-mangefjocht. Old Shatterhand besiket Winnetou te fertellen dat er him befrijd hat fan 'e Kiowa, mar Winnetou leaut dêr neat fan. Old Shatterhand rekket ferwûne oan 'e hals en falt bewusteleas del. Hy en trije oerlibbenen fan syn mannen, ûnder wa Hawkens, wurde as finzenen nei it Apachekamp brocht. Dêr wurdt er ferplege troch Winnetou syn tsjeppe suster Nscho-tschi (útspr.: Nsjo-tsji), oant er wer safierhinne opbettere is dat der rjochtdei oer him holden wurde kin.

Old Shatterhand besiket op 'e nij Winnetou derfan te oertsjûgjen dat hy syn rêder is, mar it amulet sit yn 'e bûse fan syn jaske, dat er ûnderweis fan Roswell nei it Apachekamp kwytrekke is. Yn 'e wiken dy't it duorret oant er opbettere is, reitsje hy en Nscho-tschi fereale opinoar. As de dei komt dat er berjochte wurde sil, beslút Intschu-tschuna ta in godsoardiel, om't er net folslein wis is fan 'e skuld fan Old Shatterhand oan 'e dea fan Klekih-petra. Der wurdt besletten ta in kanorace tusken it opperhaad en Old Shatterhand, wêrby't de kano fan Old Shatterhand op foarhân lek slein wurdt. Nettsjinsteande dat wit er troch moed en fernimstigens dochs de race te winnen, en sparret er it libben fan Intschu-tschuna. Underwilens is Nscho-tschi weromriden by it paad nei Roswell lâns, en se keart werom mei it jaske dêr't yndie it amulet noch yn 'e bûse sit. Winnetou en Old Shatterhand slute dan in duorjende freonskip, dy't se beklinke troch harren de earms iepen te snijen en de wûnen opinoar te drukken, sadat se bloedbruorren wurde.

Foar't se trout (dêr't se dúdlik Old Shatterhand foar op it each hat) wol Nscho-tschi nei skoalle yn St. Louis. Om foar har oplieding te beteljen sette Intschu-tschuna en Winnetou ôf nei it geheime fynplak fan goud op it lân fan 'e Apachen, net wittend dat se dêrby folge wurde troch Santer en syn mannen. Old Shatterhand, dy't in min foargefoel hat, komt harren mei in groep Apache-krigers ek efternei, en arrivearret krekt op 'e tiid om Winnetou te rêden. Intschu-tschuna en Nscho-tschi binne dan troch Santer lykwols al delsketten. Troch tadwaan fan Old Shatterhand kinne de Apachen no lykwols foargoed mei Santer-en-dy ôfweve. Nei't al syn mannen deade binne, is Santer op 't lêst allinnich sels noch oer. Hy wurdt troffen yn in skouder en troch de krêft fan it skot fan 'e rotsen smiten, wêrnei't er oan syn goede earm boppe in ôfgrûn komt te hingjen. Apache-krigers geane nei it plak rjocht ûnder him en sette harren spearen dêr rjochtop yn 'e grûn. As Santer him úteinlik mei ien earm net mear fêsthâlde kin, stoart er omleech om speetst te wurden op 'e spearen.

Underwilens hat Old Shatterhand him by Winnetou jûn, dy't treuret om 'e dea fan syn heit. Nscho-tschi libbet dan noch, mar stjert yn 'e earmen Old Shatterhand, nei't se him har leafde ferklearre hat. Winnetou folget neitiid syn heit op as opperhaad fan 'e Apachen en ervet de Silberbüchse, it ferneamde gewear fan Intschu-tschuna. Hy is no noch mar allinnich oer, mei syn broer Old Shatterhand.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise Dútsktalige
neisyngronisaasje
Winnetou Pierre Brice Christian Wolff
Old Shatterhand Lex Barker Gert Günther Hoffmann


byrollen
personaazje akteur/aktrise Dútsktalige
neisyngronisaasje
Frederick Santer Mario Adorf Rainer Brandt
Sam Hawkens Ralf Wolter
Bill Jones Walt Barnes Arnold Marquis
Nscho-tschi, de suster fan Winnetou Marie Versini Ilse Pagé
Intschu-tschuna, de heit fan Winnetou Mavid Popović Benno Hoffmann
Tangua Tomislav Erak
Alan Bancroft Branko Špoljar
Belle Dunja Rajter Ursula Heyer
Bullock Niksa Stefanini Heinz Lausch
Joaquin Ilija Ivezić
Jefferson Tuff-Tuff Chris Howland
Will Parker Husein Čokić
Dick Stone Demeter Bitenc
Klekih-petra Hrvoje Svob
Swarte Earn (Schwarzer Adler) Dusko Dopudj

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Winnetou 1. Teil wie in Westdútsk-Joegoslavysk-Frânske ko-produksje ûnder rezjy fan Harald Reinl. Dyselde wurke nei in senario skreaun troch Harald G. Petersson op basis fan 'e ferneamde Winnetou-boeken fan 'e Dútske skriuwer Karl May (1842-1912). Horst Wendlandt wie de produsint fan 'e film yn opdracht fan 'e filmstudio's Rialto Film út West-Dútslân, Jadran Film út Joegoslaavje en de Societé Nouvelle de Cinématographie (S.N.C.) út Frankryk. De kamerarezjy waard fierd troch Ernst W. Kalinke en de filmmuzyk wie fan 'e hân fan Martin Böttcher.

Foar Winnetou 1. Teil wie in budget fan 4 miljoen Dútske mark beskikber. De opnamen setten op 1 july 1963 útein op lokaasje yn Joegoslaavje, mear spesifyk Kroaasje. It meastepart fan 'e bûtendoarsênes waard dêr draaid yn 'e karstdelling fan Paklenica. Artdirector Vladimir Tadej boude der ek it westernstedsje Roswell nei. Guon binnendoarsênes waarden letter opnommen yn 'e Spandau Studio's yn West-Berlyn. Mei't Winnetou 1. Teil in ynternasjonale cast hie, wêrfan't de leden net allegear Dútsk sprieken, waarden de teksten fan in stikmannich akteurs yn 'e postproduksje fan 'e film yn it Dútsk neisyngronisearre (in proses dat yn 'e 1960-er jierren foar Jeropeeske ko-produksjes hiel gebrûklik wie). Sa krige bgl. de Frânske akteur Pierre Brice (Winnetou) de stim fan Christian Wolff, wylst de teksten fan 'e Amerikaan Lex Barker (Old Shatterhand) ynsprutsen waarden troch Gert Günther Hoffmann.

De distribúsje fan 'e film waard yn Jeropa fersoarge troch Westdútske filmstudio Constantin Film. Winnetou 1. Teil gie op 11 desimber 1963 yn 'e Westdútske bioskopen yn premiêre. Yn 'e Feriene Steaten, dêr't Columbia Pictures ferantwurdlik wie foar de distribúsje, wie de film yn in Ingelsk neisyngronisearre ferzje yn in beheind tal bioskopen te sjen en waard er letter ek yn in stikmannich stêden op 'e tillefyzje útstjoerd. De Ingelsktalige ferzje fan Winnetou 1. Teil, mei as titel Apache Gold, wie koarter as it Dútsktalige orizjineel. In soad sênes fan Ralf Wolter, wêryn't er him mei typysk Dútske humor kluchtich hâldt en draacht, wiene ynkoarte, en Chris Howland syn optreden as in healwize selsbeneamde etnograaf wie hielendal fuortknipt.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Westdútske filmkritisy joegen Winnetou 1. Teil oer it algemien tige positive resinsjes. Sa skreau it tydskrift Der Spiegel dat de film in goed foarbyld wie fan 'e rehabilitaasje fan 'e Dútske filmyndustry. De Rheinischer Merkur tekene oan dat de film graach in echte westernfilm wêze wol, mar dat soks troch de Dútsk-romantyske ynstek net rjocht slagget. De sêne wêryn't in steamlokomotyf in saloon binnenriidt, is neffens de krante in healwiis foarbyld fan wêr't de film ûnoannimlik wurdt. Wol slagge binne neffens deselde resinsje de riid- en fjochtsênes. Yn 'e Kölner Stadt-Anzeiger waard de sfear fan Winnetou 1. Teil priizge, hoewol't it aktearjen "in bytsje houten" neamd waard.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Winnetou 1. Teil wie yn 'e Westdútske bioskopen de meast opbringende film fan 1964, mei 10 miljoen ferkochte kaartsjes en in opbringst fan omrekkene 10 miljoen. Ofset tsjin it budget fan 4 miljoen Dútske mark makke de film flink wat winst. Winnetou 1. Teil kaam yn 1975 yn 'e Sovjet-Uny yn 'e bioskopen, dêr't 56 miljoen kaartsjes ferkocht waarden.

Yn septimber 1964 waard oan Winnetou 1. Teil de Goldene Leinwand takend, in Westdútske priis foar films dy't binnen in jier tiid troch mear as trije miljoen minsken yn 'e bioskoop sjoen wiene. Yn maaie 1965 wûn de film ek de Bambi, in priis dy't útrikt waard foar de kommersjeel súksesfolste film fan it jier (yn West-Dútslân), yn dit gefal it jier 1964.

Filmsearje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Winnetou 1. Teil is it earste part fan in filmtrilogy, dêr't Winnetou 2. Teil, út 1964, en Winnetou 3. Teil, út 1965, op folgen. Beide lettere dielen hiene deselde akteurs yn 'e haadrollen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.